Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 14
It Westerkertiersk, inkeld ek wol Westgrinslânsk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat sprutsen wurdt yn it saneamde Westerkertier, it súdwestlike part fan 'e provinsje Grinslân, en yn it easten fan 'e Fryske gemeente Kollumerlân.
It Westerkertiersk wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 23.000 minsken. Dêrfan wenje goed 22.000 yn Grinslân en likernôch 800 yn eastlik Kollumerlân. In grut part fan 'e sprekkers heart lykwols ta de âlderein en sadwaande nimt harren oantal ôf.
Op guon kaarten dêr't de dialekten fan Nederlân op oanjûn steane, wurdt in grut part fan it Westerkertierske taalgebiet omskreaun as "Kollumerlânsk", dat in Nedersaksysk dialekt wêze soe. In dialekt mei dy namme bestiet lykwols net en boppedat klopje de oanjûne grinzen net mei dy fan it Westerkertiersk. Mooglik komt dizze flater fuort út in betizing fan it Westerkertiersk mei it Pompstersk fan Kollumerpomp, dat in Nedersaksysk dialekt is, of mei it Stedske dialekt fan Kollum sels.