Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 22

It strjittenpatroan fan Dimter op dizze kaart út 1652 is no noch sa.

Dimter (Nederlânsk: Deventer, Nedersaksysk: Deaventer, Dèventer yn IJA-stavering of Demter) is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei 89.142 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in oerflak fan 110,00 km² (wêrfan 2,58 km² wetter). De stêd leit oan de Isel. Yn it súdwesten van de gemeente rint de Schipbeek út yn de Isel. It haadplak fan de gemeente is de stêd Dimter, de oare plakken yn de gemeente binne: Colmschate, Diepenveen, Lettele, Okkenbroek en Schalkhaar.

Dimter is ien fan de fiif âldste stêden fan Nederlân en hat in lange skiednis. It plak wurdt al yn 9e iuwske boarnen fan it bisdom Utert neamd. Yn in oarkonde út 877 wurdt skreaun oer sân pleatsen yn Daventre (de haven Dimter). Yn 952 wurdt Dimter yn in skinkingsoarkonde fan keizer Otto I oan it Mauritskleaster yn Maagdeburg as stêd fermelden as urbs.

Lês mear ...