Colmschate is in earder doarp en hjoeddeisk stedsdiel yn it easten fan Dimter yn de provinsje Oerisel en hat sa'n 15.040 ynwenners.

Colmschate
Hûs Bannink (2011)
Hûs Bannink (2011)
Colmschate (Oerisel)
Colmschate
polityk
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Dimter
Plak Dimter
sifers
ynwennertal 15.040 (2023)
oerflak 0,52 km²
dêrfan lân: 0,52 km²
dêrfan wetter: 0 km²
befolkingstichtens 2.308 ynw./km²
oar
tiidsône UTC +1
● simmertiid UTC +2
koördinaten 52° 14' NB, 6° 13' EL

Foar de ANWB en de post hat allinnich it sintraal lizzende doarp de namme Colmschate, wêrtroch't it bygelyks op de Holterwei/N344 mooglik is om Dimter út te riden en Colmschate yn te riden, noch gjin kilometer fierder Colmschate út te riden en Dimter wer yn te riden, en op 't lêst fierderop de stedsgrinzen fan Dimter te passearen en it bûtengebiet De Bannink yn te riden, dat ûnder de himrik fan Colmschate falt.

Yn Colmschate hat yn de Romeinske tiid in Germaanske delsetting lein. Der binne foar Nederlân seldsume Romeinske munten fûn fan Karausius en Allektus, in fersierd brûnzen beslachstik fan in gasp en in brûnzen beslachstik fan in hynstetúch. Dizze fynsten roppe it fermoeden op dat ien of mear manlju út dizze delsetting oan de ein fan de 3e iuw tsjinst dienen yn it Romeinske leger. In yn Colmschate fûne messing byldsje fan de goadinne Fictoria is as bouoffer brûkt.

Pas yn de 14e iuw wurdt de namme Kolmenschate yn de "boeken" neamd. Der is dan sprake fan in Willem Douvelt, skout fan Kolmenschate (1368). It skoutamt Kolmenschate wie in folle grutter gebiet as't wat wy no as Colmschate kenne. It waard begrinze troch de Isel, it buorskip Epse, de kerspels Bathmen en Holten en de skoutamten Raalte en Olst.

Yn de 16e iuw, yn de 80-jierrige oarloch, krige kening Filips II finansjele problemen. Om syn leger betelje te kinnen liet Filips stikken grûn ferkeapje of ferhiere. Yn 1576 joech er it skoutamt Kolmenschate "in pandschap ende beleeninge" oan de boargemasters, skepenen en ried fan de stêd Dimter. It skoutamt Kolmenschate waard doe bestjoerd troch skout Henrick Jacobsen.

Yn it jier 1811 rekke Dimter de sizzenskip oer it skoutamt Kolmenschate wer kwyt. By dekreet fan keizer Napoleon waard it skoutamt Kolmenschate in selsstannige gemeente: la mairie de Diepenveen. De nije gemeentenamme waard grif Diepenveen omdat yn it buorskip Diepenveen de ienige herfoarme tsjerke fan it skoutamt stie. De earste boargemaster fan de nije gemeente wie Danjel Gerhard Hendrik Smijter.

 
foardoar mei âlde en nije hûsnûmers
 
âld en nij hûsnûmer yn detail

Yn it skoutamt leine seis marken: de Goaier Marke, de Marke fan Okse, de Marke Borgel, de Marke fan Tjoene, de Marke Rande en de Marke Averlo. Sa'n marke wie wer ûnder te ferdielen yn in oantal buorskippen. De Goaier Marke wie ferdield yn acht buorskippen: Wechele, Riele, Weteringen, Essen, Ortele, Okkenbroek, Lettele en Linde. It doarp Colmschate is te finen yn it buorskip Weteringen. Dit buorskip bestie ek wer út twa dielen: Hege Weteringen en Lege Weteringen. Oant begjin jierren tachtich sechtich waarden de hûsnûmers ten noarden fan de wei nei Holten (Holterwei) foarôfgien troch in "W". Dit wie it gebiet Hege Weteringen. Ten suden fan dizze wei stie der in "C" (fan Colmschate) foar it hûsnûmer. Dit gebiet wie Lege Weteringen.

Hast it hiele skoutamt Kolmenschate bestie út sângrûnen mei grutte stikken heide. Foar de measte bewenners wie de lânbou (rogge, bokweet, hjouwer, garst) it wichtichste middel fan bestean. Dêrneist waard der op lytse skeal noch wat fee hâlden. Op meardere plakken yn it skoutamt waard izererts fûn. Dit erts waard ûnder oare ferwurke ta potten, kachels en kanonnen. Dizze produkten waarden in soad nei Dútslân ferkocht en oer de Schipbeek en de Regge dêrhinne brocht.

De buorskippen dy't oan de hannelsrûte leinen ûntwikkelen har ta doarpen. Ek Colmschate lei oan sa'n hannels- of trochgeansrûte. Gefolch hjirfan wie dat ferskate buorkerijen en bedriuwen har hjir fêstigen. Neist meardere pleatsen wienen der yn Colmschate ûnder oare in fleisfabryk (Linthorst), in klompefabryk, in molk- of "botterfabriek", meardere bakkerijen (Bloemendal, Rouwendal, Cellarius, Veldwachter), in kapper en in skuonmakker. Colmschate hie earder in stopplak oan it spoar Arnhim - Ljouwert (Steatsline A) (rjochts foar de spoarweioergong fan de Colmschaterstrjitwei, as men rjochting Schalkhaar gie). De line waard tusken 1882 en 1885 oanlein. De halte Colmschate waard yn de jaren tritich opheft. Tsjintwurdich hat Colmschate in treinstasjon oan it spoar fan Dimter nei Almelo.

De A1 is de wichtichste ferkearsier dy't lâns Colmschate rint. Foar de skipfeart lei it Oeriselsk Kanaal tichtby Colmschate. Dit kanaal wurdt tsjintwurdich net mear brûkt foar skipfeart.

Gemeente Diepenveen

bewurkje seksje

Oant 1974 wie it in selsstannich doarp; en makke Colmschate as ien fan de doarpen diel út fan de gemeente Diepenveen. Yn 1974 kaam Colmschate, troch in gemeentlike grinswiziging, wer ûnder Dimters bestjoer, en waard it in wenwyk fan de stêd Dimter.

It eardere doarp Colmschate wurdt oan de westkant begrinze troch de Steatsline A en it Oeriselsk Kanaal. Oan de noardkant rinne de Oerdyk en de Cröddendyk, dy't de grins foarmje mei it Letteleske buorskip Linde. It eastlike gedielte wurdt foarme troch it buorskip De Bannink, dat in lângoed ken, en grinzet oan Alde Mole en Bathmen. Yn it suden leit it buorskip Oxe.

Colmschate leit sintraal yn de ûntwikkelingen fan de lêste fjirtich jier, eat besuden fan it stasjon en winkelsintrum, sawol benoarden as besuden fan it spoar nei Almelo en de Holterwei.

Nijboubuerten

bewurkje seksje

Understeande útwreidings steane by de post en ANWB allinnich bekend as 'Deventer'.

Colmschate-Súd

bewurkje seksje
  • Colmschater Enk
  • 't Bramelt
  • Roessink
  • Essenerveld
  • Swormink
  • Hannelspark de Weteringen
  • winkelsintrum Floara

Colmschate-Noard

bewurkje seksje
  • Het Oostrik
  • Blauwenoard
  • Grut Douwel
  • Lyts Douwel
  • Op den Haar
  • Steinvoorde
  • Jeurlink
  • Graveland
  • 't Fetlaer
  • Spikvoorde
  • Spijkvoorderenk (nijbouwyk)

Trekpleisters

bewurkje seksje

Middenyn Colmschate leit sportsintrum De Scheg, mei in swimbad, en de iisbaan dêr't de Iselcup ferriden waard. Stedsdielwinkelsintrum 'Winkelhert fan Colmschate' oan de Flora hat twa supermerken, ién bank, in bibleteek en in fjirtichtal oare winkels. Yn Colmschate-Noard leit buertwinkelsintrum De Zwaluwenburg, op De Fiifhoek winkelsintrum Andriessenplein. Aardich yn De Fiifhoek is, dat by de bou fan dizze nije wyk de âlde, mei iken omseame boeredykjes bewarre bleaun binne; it binne no fytspaden, dêr't ek op kuiere en skeelere wurdt; foar dizze lêste sport binne sels rûtes útsetten.

De ôflieding fan de namme Colmschate is ûnwis; it kin gean om Colm-schate, wêrby't "schate" tsjut op in beboske hoeke yn it sângebiet, of om Colms-cate, wêrby't "cate" op de bewenning troch keuterboeren of eventueel koalebranders (colman) wiit. De ôflieding út "Kollenschoat" (skuorre) kin nei it mearkeryk ferwiisd wurde.

Van Berkel en Samplonius jouwe yn harren etymologysk wurdboek Nederlandse Plaatsnamen (3e printinge, 2006, útjouwerij/ Het Spectrum) as ferklearring: by de cate (gerniersspultsje) fan in persoan mei de namme Colmo.

Bekende Colmschaters

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Dimter  
Stêd:
Dimter
Doarpen:
BathmenDiepenveenLetteleOkkenbroekSchalkhaar
Buorskippen:
ApenhuizenDe BanninkDortherhoekAverlo en FrieswijkLindeLooMolenbeltOude MolenOksePieriksmarsRandeSnipperlingTjoeneZuidloo
Eardere doarpen en buorskippen:
Colmschate
Wetter:
Averlosche LeideDortherbeek OostIselSchipbeekZandwetering
  ·   ·