Schalkhaar
Schalkhaar is in doarp yn Sallân yn de gemeente Dimter, provinsje Oerisel. Schalkhaar hie 4610 ynwenners op 1 jannewaris 2006.
Schalkhaar | ||
Katolike tsjerke (2013) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Dimter | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.925 (2023) [1] | |
Oerflak | 18,49 km² dêrfan lân: 18,32 km² dêrfan wetter: 0,17 km² | |
Befolkingsticht. | 320 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N348, N766 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 16' NB, 6° 12' EL | |
Kaart | ||
It doarp leit ten noardeasten fan de stêd Dimter en is sterk rjochte op dy stêd. Troch útwreidings fan de stêd wurdt Schalkhaar oan de west-, súd- en eastside omringe troch Dimter. oare plakken yn de omjouwing binne Colmschate, Diepenveen, Heeten, Lettele en Okkenbroek. It doarp ûntstie nei 1810, om de doe boude roomske tsjerke yn it buorskip Riele. De namme Schalkhaar krige it doarp pas yn de earste helte fan de tweintichste iuw.
Sûnt 1953, doe't it midsiuwske genedebyld fan Us Leaffrou fan Frieswijck in plak krige yn de tsjerke, is Schalkhaar in Marijebeafeartsoarde.
Schalkhaar wie yn Nederlân bekend as legerplak. Yn de Westenberg Kazerne siet yn de Twadde Wrâldoarloch it Plysje Opliedings Bataljon Schalkhaar, oprjochte yn july 1941. Hjir waarden Nederlânske plysjemannen ûnder Dútsk tafersjoch oplaat yn de ideology fan de SS. Nei de oarloch waard de kazerne troch de Keninklike Lânmacht yn gebrûk nomd. Benammen it 13e pânserynfantery bataljon, Garde Fusiliers “Prinses Irene” (GFPI) hat de kazerne lang brûkt.
Begjin jierren '90 hat de Westenberg Kazerne in oare bestimming krigen. It waard eigendom fan it Sintraal Orgaan Opfang Asylsikers. Earst wie it in Opfang en Undersykssintrum foar asylsiers. Letter in Asylsikerssintrum. Yn 2005 waard dit omsetten ta in weromgeanlokaasje foar ôfwiisde asylsikers en yn 2008 waard dit feroare yn in Oriïntaasje- en Ynboargerings Sintrum (O&I).
Oant in gemeentlike weryndieling fan 1999 makke Schalkhaar diel út fan de gemeente Diepenveen.[2]
Nikolaastsjerke
bewurkje seksjeDe trijebeukige neogoatyske pseudobasilyk (in tsjerke mei in heger middenskip, mar sûnder ljochtbeuk) hat in toer oan de eastside mei ynsnoerde spits. De tsjerke is in ûntwerp fan arsjitekt Gerard te Riele en dateart út 1895. De tsjerke is om 1920 hinne útwreide mei in dwerskoar oan de westside. Yn 2005 is de Nikolaastsjerke restaurearre wêrby't benammen it preesterkoar feroare waard yn in romte mei in mear funksjonele foar bygelyks konserten. De Fredeskapel mei it genedebyld is boud oan de Nikolaastsjerke.
Berne yn Schalkhaar
bewurkje seksje- Aloys Oosterwijk (25 juny 1956), striptekener
- Jan van Dijk (10 desimber 1956), fuotballer en fuotbalcoach
- Henk Veldmate (21 jannewaris 1957), fuotballer en fuotbalbestjoerder
- Steven van Groningen (29 desimber 1957), roeier
- Jan van Oosterom (29 oktober 1972), maratonrider
- Nicòle Berendsen (23 april 1973), sjongster en aktrise
Underwis
bewurkje seksjeBasisûnderwiis:
- Iepenbiere basisskoalle De Sleutel, skoalle foar Daltonûnderwiis
- Roomsk-katolike basisskoalle Nicolaas
Kultuer
bewurkje seksjeYn it doarp sit in fêstiging fan de Iepenbiere Bibleteek Dimter. Der steane meardere bylden yn de iepenbiere romte, wêrûnder it Wilhelminamonumint.
Sport
bewurkje seksjeSchalkhaar hat as sportfasiliteiten:
Sport | Namme |
---|---|
Badminton | SVS Schalkhaar |
Gymnastyk/Jazz | SVS Schalkhaar |
Handbal | sv Schalkhaar |
Honk- en Softbalferiening | De Eagles |
Judo | Schalkhaar |
Reedryd- en- en Skeelerclub | In Beweging |
Sjitsport | sv Prins Maurits |
Tennis | TC Park Braband |
Fuotbal | sv Schalkhaar |
Follybal | SVS Schalkhaar |
-
Poartegebou Westenbergkazerne (2011)
-
It eardere kluphûs fan eardere tennisklup Noury & Van der Lande mei tennisbaan (2013)
-
It eardere gemeentehûs fan gemeente Bathmen (2018)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dimter | ||
---|---|---|
Stêd: Dimter | ||
Doarpen: Bathmen • Diepenveen • Lettele • Okkenbroek • Schalkhaar | ||
Buorskippen: Apenhuizen • De Bannink • Dortherhoek • Averlo en Frieswijk • Linde • Loo • Molenbelt • Oude Molen • Okse • Pieriksmars • Rande • Snipperling • Tjoene • Zuidloo | ||
Eardere doarpen en buorskippen: Colmschate | ||
Wetter: Averlosche Leide • Dortherbeek Oost • Isel • Schipbeek • Zandwetering | ||
· · |