Berjocht:Side fan de wike 2014/wike 49
Waling Gerrits Dykstra (14 augustus 1821, Froubuorren - 15 jannewaris 1914, Holwert), soan fan Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmans wie in Fryske skriuwer en foardrachtskeunstner. Hy stie yn de tradysje fan de Halbertsma's en is benammen bekend fan it Frysk Winterjûnenocht dêr't hy tegearre mei Tsjibbe Gearts van der Meulen it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip. Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as bakkerssoan en soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn 1853 die hy de bakkerij oan kant en wurke doe yn in boekwinkel yn Frjentsjer. Yn 1855 troude hy op 'e nij mei Afke (Jans) de Boer, mei wa er âlve bern krige soe.