Berjocht:Side fan de wike 2015/wike 43
De Keapman fan Feneesje, yn it oarspronklike Ingelsk: The Merchant of Venice (folút: The Most Excellent History of the Merchant of Venice), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't lykwols fral bekendstiet om 'e mear dramatyske passaazjes, en ferhellet oer de joad Shylock, dy't besiket wraak te nimmen op 'e antysemityske keapman út 'e titel. It stiet fêst dat it stik yn Shakespeare syn judeofobyske tiid hiel oars begrepen waard as tsjintwurdich; doe waard Shylock as in gemiene smjunt sjoen, dy't de keapman Antonio op wrede wize lytsman besocht te meitsjen, wylst it hjoeddeiske publyk perfoarst mei Shylock sympatisearje sil. De antysemityske ûndertoan hat makke dat De Keapman fan Feneesje iuwenlang (mis)brûkt is troch joadehaters (bgl. yn nazy-Dútslân) as anty-joadske propaganda. It stik is nei alle gedachten skreaun tusken 1596 en 1598, en it waard foar it earst publisearre yn 1600. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.