Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 23
It Belis fan Haarlim wie in belegering fan 'e Hollânske stêd Haarlim troch Spaanske troepen yn it ramt fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter bekend wurde soe ûnder de namme fan 'e Tachtichjierrige Oarloch. It belis begûn op 11 desimber 1572 en betearde yn in útputtingsslach, dy't net minder as sân moannen duorre. Nei't in besykjen ta ûntset troch de belegerders yn 'e Slach op de Haarlimmermar dwerseide waard, joegen de úthongere Haarlimmers har op 13 july 1573 einlings en te'n lêsten oer. Trochdat dêrnei tûzenen soldaten en boargers fermoarde waarden, jildt it Belis fan Haarlim as ien fan 'e meast beruchte foarfallen út 'e begjintiid fan 'e Tachtichjierrige Oarloch, en teffens as ien fan 'e meast beslissende: neitiid joech gjin stêd him mear oer en fochten de opstannelingen troch oant de dea, om't se wisten hokker lot oft harren by oerjefte te wachtsjen stie.