Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 34
Gentile Bellini (útspr.: [ʤɛnˈti:ˌle bɛˈli:ˌni], likernôch: "dzjen-tii-lee bel-lii-ny"; Feneesje, ±1429 – dêre, 23 febrewaris 1507) wie in Fenesiaansk keunstskilder en tekener fan 'e Fenesiaanske Skoalle. Hy stamme út in foaroansteand Fenesiaansk laach fan keunstskilders, en waard, alteast yn 'e earste helte fan syn karriêre, heger oanslein as syn jongere broer Giovanni Bellini. Tsjintwurdich wurdt Giovanni lykwols rûnom beskôge as de bettere skilder. Fan 1474 ôf wie Gentile Bellini de offisjele portrettist fan 'e doge fan 'e Republyk Feneesje, mar de measten fan dy portretten binne letter by in brân ferlern gien. Bellini syn bekendste skilderij is syn portret fan 'e Osmaanske sultan Mehmed II, dat datearret út 1479.