Gentile Bellini (útspr.: [ʤɛnˈti:ˌle bɛˈli:ˌni], likernôch: "dzjen-tii-lee bel-lii-ny"; Feneesje, ±1429 – dêre, 23 febrewaris 1507) wie in Fenesiaansk keunstskilder en tekener fan 'e Fenesiaanske Skoalle. Hy stamme út in foaroansteand Fenesiaansk laach fan keunstskilders, en waard, alteast yn 'e earste helte fan syn karriêre, heger oanslein as syn jongere broer Giovanni Bellini. Tsjintwurdich wurdt Giovanni lykwols rûnom beskôge as de bettere skilder. Fan 1474 ôf wie Gentile Bellini de offisjele portrettist fan 'e doge fan 'e Republyk Feneesje, mar de measten fan dy portretten binne letter by in brân ferlern gien. Bellini syn bekendste skilderij is syn portret fan 'e Osmaanske sultan Mehmed II, dat datearret út 1479.

Gentile Bellini
keunstner
Selsportret
Selsportret
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gentile Bellini
nasjonaliteit Fenesiaansk
berne ±1429
berteplak Feneesje (Rep. Feneesje)
stoarn 23 febrewaris 1507
stjerplak Feneesje (Rep. Feneesje)
etnisiteit Fenesiaansk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, tekener
perioade Renêssânse
streaming Fenesiaanske Skoalle
bekendste
  wurk(en)
Sultan Mehmed de Feroverder
jierren aktyf ±14451507

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Gentile Bellini waard omtrint 1429 berne yn Feneesje, dat no in stêd yn noardeastlik Itaalje is, mar dat doe de haadstêd fan 'e machtige Republyk Feneesje wie, dy't foar in grut part de wetters fan it Eastlik Bekken fan 'e Middellânske See behearske. Hy kaam út in famylje fan skilders: syn heit wie Jacopo Bellini, in pionier op it mêd fan it gebrûk fan oaljeferve as artistyk medium; syn jongere broer wie Giovanni Bellini; en syn sweager wie Andrea Mantegna. Gentile wie ferneamd nei syn heite learmaster Gentile da Fabriano. Hy learde de skilderkeunst fan bern ôf oan yn syn heite atelier, dêr't syn talint foar portretskilderjen him al ier oppenearre. Hoewol't er tsjintwurdich yn it skaad stiet fan syn ferneamdere sibben, waard er yn syn eigen tiid as ien fan 'e grutste libbene keunstskilders fan Feneesje sjoen, en hied er sadwaande gjin gebrek oan wurk.

Wurk yn Feneesje

bewurkje seksje

Bellini syn ierste (ûndertekene) skilderij is De Sillige Lorenzo Giustiniani, dat datearret út 1445, doe't er likernôch fyftjin jier âld west hawwe moat. It is ien fan 'e âldste bewarre bleaune oaljefervedoeken yn Feneesje, dat no op 'e noed is fan 'e Gallerie dell'Accademia. Yn 'e 1450-er jierren wurke Bellini yn 'e tsjinst fan 'e Scuola Grande di San Marco gear mei syn broer Giovanni.

Yn 1474 waard Bellini oansteld as de offisjele portrettist fan 'e doge (hartoggen) fan Feneesje. In soad fan dy portretten, en teffens syn wichtichtste wurken, ntl. de monumintale kanvassen dy't er makke foar it Dogaal Paleis, giene yn 1577 by in brân ferlern. Syn bekendste doge-portret dat noch bestiet, is dat fan Giovanni Mocenigo, dat datearret út 1478. Fan Bellini syn grutte wurken binne mar in stikmannich bewarre bleaun, mei as bekendsten De Hillige Markus Preket yn Aleksandrië en de Prosesje fan it Wiere Krús op it San Marcoplein. Dat lêste skilderij makke Bellini yn opdracht fan 'e Scuola Grande di San Giovanni Evangelista, dy't him en fjouwer oare skilders, Lazzaro Bastiani, Vittore Carpaccio, Giovanni Mansueti en Benedetto Rusconi, ynhierd hie om tsien mânske stikken te skilderjen dy't bekend steane as De Wûndertekens fan it Relikwy fan it Krús. Behalven syn Prosesje, út 1496, makke dêr ek syn Wûnderteken fan it Wiere Krús op de Sint-Lorenzobrêge, út 1500, diel fan út. Op dat skilderij lei Bellini mank de figuranten syn eigen selsprortret en it portret fan syn broer Giovanni fêst.

Bellini en de Oriïnt

bewurkje seksje

Yn septimber 1479 waard Bellini troch it regear fan 'e Republyk Feneesje útkard om ôf te reizgjen nei Konstantinopel, de haadstêd fan it Osmaanske Ryk, mei't sultan Mehmed II fersocht hie om in keunstner te stjoeren dy't syn portret yn 'e Westerske styl skilderje koe. Dit fersyk makke ûnderdiel út it ferdrach dat in ein makke oan 'e Earste Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch (1463-1479). Bellini syn rol wie net inkeld dy fan in keunstskilder yn 'e frjemdte, mar ek dy fan kultureel ambassadeur fan Feneesje yn 'e Oriïnt. Dat wie in wichtich aspekt fan 'e saak, om't Mehmed II grutte belangstelling hie foar de keunst en kultuer fan Itaalje. Hy hie foartiid al ferskate kearen om 'e nocht besocht om him troch in Westerske keunstner skilderje te litten, en dat slagge him einlings mei Bellini. It skilderij Mehmed de Feroverder waard neitiid kopiëarre en rekke yn hiel Jeropa ferneamd. It (fierhinne oerskildere) orizjineel hinget no yn 'e Nasjonale Gallery, yn Londen. (Resint is opmurken dat dat portret tige liket op in figuer yn it skilderij Jezus mank de Dokters yn de Timpel, fan Marco Palmezzano, en dêrtroch hawwe guon saakkundigen de datearring en it auteurskip yn 'e kiif steld.)

Behalven it portret fan sultan Mehmed skildere Bellini yn Konstantinopel noch ferskate oare wurken. De histoarikus Carlo Ridolfi (dy't 87 jier nei de dea fan Bellini berne waard) skreau yn 1648 yn syn skiednis fan 'e Fenesiaanske keunstners dat Bellini û.m. in skilderij makke dêr't de holle fan 'e ûnthalze Jehannes de Doper op in board op te sjen wie, mei't Jehannes de Doper troch sawol de kristenen as de moslims as profeet erkend waard. Doe't er it oan 'e sultan sjen liet, priizge dy him om syn talint, mar hy wiisde him wol op in flater: de hals fan 'e profeet wie te lang. Mehmed lei Bellini út dat it restant fan de hals him nei in ûnthalzing gearlûkt. Doe't de skilder net oertsjûge liek te wêzen, liet de sultan in slaaf de holle ôfslaan om him it effekt sjen te litten. Dêrnei soe Bellini der alles oan dien hawwe om út Konstantinopel wei te kommen om't er sels net sa achteleas deamakke wurde woe. Dizze anekdoate fan Ridolfi is apokryf, en wurdt ek ferteld troch Seneka de Aldere oer Parrasius en troch in twifelige boarne oer Michelangelo.

Yn elts gefal foarseach Bellini nei syn weromkear út it Osmaanske Ryk ferskaten fan syn nije skilderijen fan oriïntaalske eleminten. Hy keas ek ferskate Easterske ûnderwerpen, lykas yn De Hillige Markus Preket yn Aleksandrië, dat in Eastersk motyf (Aleksandrië) kombinearret mei Feneesje: de hillige Markus is de patroanhillige fan 'e stêd Feneesje. Bellini skildere ek in portret fan Katerina Cornaro, de keninginne fan Syprus, dy't yn ballingskip libbe. Dat skilderij makket no diel út fan 'e kolleksje fan it Szépmüvészeti Múzeum yn Boedapest. Fierders binne in grut tal tekenings en sketsen fan Bellini bewarre bleaun, wêrûnder guon dy't dúdlik makke binne ûnder syn ferbliuw yn it Osmaanske Ryk.

Ferstjerren en wurdearring

bewurkje seksje

Gentile Bellini kaam op 23 febrewaris 1507 yn Feneesje te ferstjerren. Hy waard begroeven yn 'e Jehannes- en Paulusbasilyk, dêr't tradisjoneel de doge fan Feneesje byset waarden. Koart nei syn dea rekke it mei de wurdearring fan syn wurk yn it neigean, en syn net útwurke sketsen hiene letter, nei't in grut diel fan syn wurk by brân ferlern gien wie, it spitige resultaat dat syn reputaasje as in knoffelich skilder dertroch befêstige waard. Sûnt de twadde helte fan 'e tweintichste iuw is der wer mear wurdearring foar it wurk fan Gentile Bellini kommen, yn 't bysûnder yn it ramt fan 'e oanwaaksende belangstelling foar ynterkulturele útwikseling tusken West-Jeropa en de Levant.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.