Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 39
In fermissing (in resint lienwurd op basis fan it Nederlânske wurd vermissing) is it ûntrêstgjende ûnfynber wêzen fan almeast in persoan. Hoewol't in fermissing fan in húsdier of in foarwerp fansels ek mooglik is, wurdt dat yn 'e regel net mei dizze term oantsjut. Yn Nederlân wurde elts jier tusken de 16.000 en 20.000 minsken by de plysje as fermist opjûn. Dêrfan is likernôch 85% binnen 48 oeren wer teplak. Likernôch 20 peroanen yn 't jier bliuwe yn Nederlân langer wei as in jier, en dêrfan ferdwine ûngefear 15 permanint. It is dus sa dat wat langer oft in persoan fermist is, wat lytser de kâns dat hy of sy noch weromfûn wurde sil. De plysje hat fêste metoaden ûntwikkele foar de behanneling fan fermissingssaken.