Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 20
De NASA, in ôfkoarting foar National Aeronautics and Space Administration ("Nasjonaal Bestjoer foar de Loft- en Romtefeart"), is in ûnôfhinklike tûke fan 'e útfierende macht fan 'e oerheid fan 'e Feriene Steaten, dy't ferantwurdlik is foar it Amerikaanske boargerlike (yn tsjinstelling ta it militêre) romtefeartprogramma en teffens foar wittenskiplik ûndersyk nei de loft- en romtefeart. De NASA waard yn 1958 oprjochte mei in dúdlik boargerlike (ynstee fan militêre) oriïntaasje foar it ûntwikkeljen fan freedsume tapassings foar romtefeartkunde. Sûnt hat de organisaasje de lieding hân oer de measte Amerikaanske romtefeartprojekten, wêrûnder it Apolloprogramma foar de moannelânings, it Skylab-romtestasjon en it Space Shuttle-programma. Op 't heden ûnderstipet de NASA it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) en is it djip behelle yn 'e tarieding foar takomstige misjes nei de planeet Mars.