Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 17
It Tinkteken foar de USS Arizona (Ingelsk: USS Arizona Memorial) is in monumint en museum yn 'e lagune Pearl Harbor, by Honolulu, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Hawaï. It is oer it skipswrak hinne boud fan it slachskip de USS Arizona, dat ta sinken brocht waard op 7 desimber 1941, by de Japanske Oanfal op Pearl Harbor. It tinkteken markearret it plak dêr't 1.102 fan 'e 1.177 matroazen en mariniers dy't dêrby omkamen, noch altyd rêste yn wat sûnt de Twadde Wrâldoarloch as in oarlochsgrêf beskôge wurdt. It Tinkteken foar de USS Arizona wurdt yn bredere sin ek wol brûkt as monumint foar alle 2.403 Amerikaanske deadlike slachtoffers fan it Japanske bombardemint.