Berjocht:Side fan de wike 2023/wike 43
It Libben fan in Labbekak, yn it oarspronklike Ingelsk: Diary of a Wimpy Kid ("Deiboek fan in Suffert" of "Deiboek fan in Swakkeling"), is in jeugdboek fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jeff Kinney. It is in satirysk-reälistyske komeedzje oer de aventoeren fan 'e skoaljonge Sjoerd Sjollema, foar bern út 'e heechste groepen fan 'e basisskoalle en de brêgeklasse fan it fuortset ûnderwiis. It boek is skreaun yn in lettertype dat op hânskrift liket, en wurdt oanhâldend ûnderbrutsen troch yllustraasjes dy't Kinney ek sels makke hat. It Libben fan in Labbekak is it earste diel fan 'e boekesearje mei deselde namme, dêr't yn 2018 it trettjinde diel fan útkaam. It boek waard foar it earst yn 2007 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Amulet Books en helle daliks de bestsellerlist fan The New York Times. It waard oerset yn 59 talen; sa ferskynde it yn 2009 yn it Nederlânsk as Het Leven van een Loser. Yn 2010 waard it ferfilme as Diary of a Wimpy Kid. De Fryske oersetting ferskynde yn 2018 by Uitgeverij De Fontein.