Jeff Kinney (skriuwer)

skriuwer

Jeff Kinney (folút: Jeffrey Patrick Kinney; Fort Washington (Marylân), 19 febrewaris 1971) is in Amerikaansk skriuwer fan jeugdboeken. Hy is de auteur fan ien boekerige, Diary of a Wimpy Kid, dêr't anno 2018 mear as 200 miljoen eksimplaren fan ferkocht binne, en dy't oerset is yn 59 ûnderskate talen. Ein 2018 kaam de Frysktalige oersetting út fan it earste boek yn 'e rige, ûnder de titel It Libben fan in Labbekak.

Jeff Kinney
skriuwer
Kinney yn 2011.
Kinney yn 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jeffrey Patrick Kinney
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 febrewaris 1971
berteplak Fort Washington (Marylân)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre jeugdboeken
tema's û.o. narjen
bekendste
  wurk(en)
It Libben fan in Labbekak
útjouwer Amulet Books
prizen Kids' Choice Award
jierren aktyf 2007 – no
offisjele webside
wimpykid.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Kinney waard yn 1971 berne yn Fort Washington, yn 'e Amerikaanske steat Marylân, as de soan fan Bruce en Madeline Kinney. Hy hat in âldere broer en suster en dêropta in jongere broer. Kinney groeide op yn syn berteplak en gie nei de legere skoalle oan 'e Potomac Landing Elementary School. Neitiid folge er fuortset ûnderwiis oan 'e Bishop McNamara High School yn Forestville. Yn 'e 1990-er jierren studearre Kinney kompjûterwittenskippen oan 'e Universiteit fan Marylân, College Park, dêr't er yn 'e kampuskrante The Diamondback in striprige publisearre ûnder de titel Idgoof.

Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, gie Kinney oan it wurk as programmeur fan kompjûterspultsjes. Yn syn frije tiid pielde er wat om mei strips en ferhalen foar bern, dy't er yn 't earstoan yn grutte tekenboeken makke, nei't er as krantecartoonist gjin wurk fine koe. Yn jannewaris 1998 krige er it idee om yn it ik-perspektyf in ferhaal te skriuwen oer in jonge op 'e middelskoalle (dy't yn 'e Feriene Steaten tusken de legere en de middelbere skoalle yn sit). De haadpersoan krige de namme Greg Heffley (yn 'e Nederlânske oersetting Bram Botermans, en yn 'e Fryske oersetting Sjoerd Sjollema). Foar de ferhalen oer dy suffert (wimpy kid) putte Kinney út syn eigen ûnderfinings, en hy makke der sels ek yllustraasjes by.

Yn maaie 2004 brocht Kinney yn gearwurking mei de webside FunBrain in online-ferzje fan it ferhaal út, dat doe de titel krige Diary of a Wimpy Kid. Op 'e webside waarden oant juny 2005 op deistige basis oanfollings tafoege. Oan 'e papieren ferzje fan it ferhaal wurke Kinney krapoan acht jier lang, ear't er it foar it earst sjen liet oan in útjouwer. Yn febrewaris 2006, op 'e stripbeurs New York Comic Con, tekene er in oerienkomst foar it skriuwen fan in rige boeken mei útjouwerij Harry N. Abrams, Inc. It earste diel út 'e resultearjende boekesearje, Diary of a Wimpy Kid, kaam op 1 april 2007 út by Amulet Books, in ymprint fan Abrams.

 
Kinney yn 2016 mei jonge fans yn Israel.

It boek sloech yn as in bom en waard in ûnbidich kommersjeel súkses. Neitiid skreau Kinney elts jier in nij diel yn 'e rige, en yn 2018 ferskynde it trettjinde diel, Diary of a Wimpy Kid: The Meltdown. Dêrnjonken ferskynden yn deselde searje ek noch in aktiviteiteboek en twa filmdeiboeken. Tsjin 2018 hie Kinney mear as 200 miljoen boeken ferkocht en wie syn wurk oerset yn 59 ûnderskate talen, wêrûnder it Frysk.

Yn april 2009 waard Kinney troch it Amerikaanske tydskrift Time útroppen ta ien fan 'e ynfloedrykste lju fan 'e wrâld, en fan 2008 oant en mei 2016 wûn syn boekesearje sân kear de Nickelodeon Kids' Choice Award yn 'e kategory favorite boek. Tusken 2010 en 2017 waarden fjouwer films útbrocht dy't basearre wiene op 'e boeken 1, 2, 4 en 9. Kinney wie dêrfoar útfierend produsint. Dêrnjonken skoep er op 'e bernefreonlike webside Poptropica twa eilannen mei as namme Wimpy Wonderland en Wimpy Boardwalk. Dêr kinne syn jonge fans de aventoeren út 'e Diary of a Wimpy Kid-searje op in ynteraktive wize werbelibje.

Priveelibben

bewurkje seksje

Kinney troude op 14 desimber 2003 mei syn frou Julie. Mei har krige er twa soannen, Will (2002) en Grant (2005). It gesin wennet yn Plainville, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Nettsjinsteande syn súkses as skriuwer hold Kinney frij lang fêst oan syn wurk as ûntwerper fan kompjûterspultsjes. Yn maaie 2015 iepenen Kinney en de frou in boekhannel anneks kafee yn harren wenplak, mei as namme An Unlikely Story.

 
De foarside fan 'e Fryske oersetting fan Diary of a Wimpy Kid, útjûn troch Uitgeverij De Fontein, yn 2018.
  • Diary of a Wimpy Kid-searje
    • 2007 – Diary of a Wimpy Kid
    • 2008 – Diary of a Wimpy Kid: Rodrick Rules
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Vette Pech! (fert. Hanneke Majoor, 2010)
    • 2009 – Diary of a Wimpy Kid: The Last Straw
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Bekijk Het Maar! (fert. Hanneke Majoor, 2011)
    • 2009 – Diary of a Wimpy Kid: Dog Days
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Een Hondenleven (fert. Hanneke Majoor, 2012)
    • 2010 – Diary of a Wimpy Kid: The Ugly Truth
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Niet te Doen! (fert. Hanneke Majoor, 2012)
    • 2011 – Diary of a Wimpy Kid: Cabin Fever
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Geen Paniek! (fert. Hanneke Majoor, 2012)
    • 2012 – Diary of a Wimpy Kid: The Third Wheel
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Zwaar de Klos! (fert. Hanneke Majoor, 2013)
    • 2013 – Diary of a Wimpy Kid: Hard Luck
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Gedumpt (fert. Hanneke Majoor, 2014)
    • 2014 – Diary of a Wimpy Kid: The Long Haul
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Flutvakantie (fert. Hanneke Majoor, 2015)
    • 2015 – Diary of a Wimpy Kid: Old School
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Ff Offline (fert. Hanneke Majoor, 2016)
    • 2016 – Diary of a Wimpy Kid: Double Down
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Drie Keer Niks (fert. Hanneke Majoor, 2017)
    • 2017 – Diary of a Wimpy Kid: The Getaway
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Wegwezen! (fert. Hanneke Majoor, 2018)
    • 2018 – Diary of a Wimpy Kid: The Meltdown
      •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Gesmolte (fert. Hanneke Majoor, 2018)
  • 2011 – The Wimpy Kid Do-It-Yourself Book (aktiviteiteboek)
    •   Nederlânske oersetting: Jouw Leven als Loser (fert. Hanneke Majoor, 2011)
  • 2013 – The Wimpy Kid Movie Diary (filmdeiboek oer it meitsjen fan 'e earste 3 ferfilmings)
    •   Nederlânske oersetting: Het Leven van een Loser: Niet te Filmen! (fert. Hanneke Majoor, 2013)
  • 2017 – The Wimpy Kid Movie Diary: The Next Chapter (filmdeiboek oer it meitsjen fan 'e 4e ferfilming)
    •   Nederlânske oersetting: Flutvakantie: Achter de Schermen (fert. Hanneke Majoor, 2017)

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
jier priis resultaat kategory foar
2008 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)
2009 Nickelodeon Kids' Choice Award nominearre favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)
2010 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)
2011 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)
2012 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)
2013 Nickelodeon Kids' Choice Award nominearre favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)
2014 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)
2015 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)
2016 Nickelodeon Kids' Choice Award wûn favorite boek Diary of a Wimpy Kid (boekesearje)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.