Berjocht:Side fan de wike 2024/wike 30
Frjentsjer (Nederlânsk en offisjeel: Franeker) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, dy't inkeld de histoaryske stêd Frjentsjer en syn klokslach omfieme. De gemeente hie op 1 jannewaris 1981 12.657 ynwenners, en besloech in oerflak fan 17,24 km². Frjentsjer waard by de gemeentlike weryndieling fan 1984 opheft as selsstannige bestjoerlike ienheid en gearfoege mei it âlde Frjentsjerteradiel en it grutste part fan Barradiel ta it nije Frjentsjerteradiel.