Berjocht:Side fan de wike 2024/wike 51
De Kwartêre Iistiid, ek bekend as de Pleistosene Iistiid of de hjoeddeistige iistiid, is in iistiid dy't it hiele Kwartêr omfiemet, fan 2.588.000 jier lyn oant no. Krekt as alle iistiden bestiet de Kwartêre Iistiid út glasialen (kâldere perioaden) en ynterglasialen (waarmere perioaden). Op 't heden libje wy yn in ynterglasiaal, dy't bekendstiet as it Holoseen. Hoewol't geologen, omreden fan it feit dat der iiskapen yn 'e poalstreken en gletsjers yn 'e heechberchtmen besteane, it hiele Kwartêr as ien lange iistiid omskriuwe, wurdt yn 'e folksmûle mei "iistiid" oer it algemien ferwiisd nei de meast resinte glasiaal, dy't omtrint 11.700 jier lyn einige.