Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 14
Hainan (Sineesk: 海南; Mandarynske pinyin-transliteraasje: Hǎinán; Kantoneeske jyutping-transliteraasje: Hoi2naam4; Hainaneesk: Hái-nâm) is it grutste eilân fan Sina, dat foar de kust fan 'e provinsje Guangdong yn 'e Súdsineeske See leit. Sûnt 1988 is it eilân ek in provinsje op himsels: de lytste en súdlikste fan Sina. Behalven Hainan sels rekkenet it Sineeske regear ek trije ûnbewenne eilannegroepen yn 'e Súdsineeske See ta de provinsje, dy't ferspraat lizze oer in ôfstân fan tûzenen kilometers. Gjin inkeld oar lân yn 'e wrâld erkent dy oanspraak en ferskate oare lannen yn Súdeast-Aazje hawwe eigen oanspraken op 'e eilannen. De befolking fan Hainan bestiet foar mear as fjouwerfyfde út etnyske Han-Sinezen, dy't foar it meastepart Hainaneesk sprekke, in dialekt fan it Hokkineesk. De grutste lânseigen groep fan Hainan wurdt foarme troch de Li of Hlai, dy't krapoan 16% fan 'e befolking útmeitsje. Neffens de folkstelling fan 2020 hie Hainan doe goed 10 miljoen ynwenners. De haadstêd en tagelyk grutste stêd fan it eilân en de provinsje is Haikou, oan 'e noardkust. Sanya, oan 'e súdkust, is it bekendste baaiplak fan Sina en in wichtige binnenlânske toeristyske bestimming foar miljoenen Sinezen.