Berjocht:Wisten jo dat/jannewaris 2007
- ... Bartlehiem syn namme krigen hat fan Kleaster Bethlehem, yn 1136 stifte troch Freark fan Hallum as frouljuskleaster foar Mariëngaard?
- ... in krammerke (ôfbyld) in bûgd stikje metaaltried is, dat brûkt wurde kin om stikken papier byelkoar te hâlden sûnder dêrfoar gatten yn it papier te meitsjen?
- ... it Feanbeiblaujurkje yn Nederlân slim bedrige is en allinnich noch foarkomt yn Drinte en súdeast Grinslân?