Berjocht oerlis:Ynfoboks gemeente
Lêste reäksje: 8 moannen lyn troch FreyaSport by it ûnderwerp Breedte ynfoboks
Flaggen en wapens yn siden keppele mei dit berjocht
bewurkje seksjeHoi, @Ieneach fan 'e Esk, ik haw jo help wer even nedich. Ik begryp net wat der feroare is oan dizze ynfoboks mar de flaggen en wapens komme net te foarskyn yn de ynfoboksen mei de hjir oan keppele siden. Soene jo witte wat hjir oan 'e hân is? Alfêst tige by tige. Kneppelfreed (oerlis) 24 jan 2023, 05.27 (CET)
- @Kneppelfreed: Goeie. Tsja, mea culpa. Dat wie in flater fan my. Ik hie sjoen dat as der yn dizze ynfoboks gjin flagge of wapen ynfierd waard, de kopkes "flagge" en "wapen" dochs ferskynden. Dat is fansels net sa fraai, mar om't it twa kolommen binne slagge it my net om dy kopkes fuort te krijen. Dat, doe tocht ik, dan pak ik it oars oan, dat ik hie in stikje ynfoboks kopiëarre fan Ynfoboks:Stêd mei flagge, sadat der, as der yn 'e ynfoboks gjin flagge en/of wapen ynfierd wurdt, der in flagge en/of wapen mei in fraachteken ferskynd, in placeholder image, neame se dat yn it Ingelsk. Klear, tocht ik, mar no die bliken dat dy ôfbyldings altyd ferskynden en de ynfierde flagge en wapen ferfongen. Dat wie fansels net de bedoeling. Mar ik haw my de holle deroer brutsen hoe't dat no koe, want yn 'e ynfoboks:Stêd mei flagge wurke it prima. Op it lêst foel my op dat de lemma's dêre allegear mei in haadletter begûnen en hjirre net. Soe it dêr soms fan komme, tocht ik, dat sil toch net... Haadletters fuorthelle, en doe wie it probleem oplost. Oan sokke lytse dinkjes kin it dus lizze... Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 jan 2023, 12.26 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk, alteast grazie mille, it is dus no ferholpen. Ien letterke of tekentsje kin dus de hiele boel yn 'e betizing helpe. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 24 jan 2023, 23.09 (CET)
Breedte ynfoboks
bewurkje seksjeGoeiemiddei, it foel my fannemiddei op dat dizze ynfoboks 300px is yn stee fan 270px. Soe it hiel dreech wêze om dizze ynfoboks oan te passen mei Ynfoboks generyk? FreyaSport (oerlis) 17 apr 2024, 16.27 (CEST)
- Ja, want dit is net in ynfoboks dy't gebrûk makket fan dat sjabloan. Dizze stiet op himsels. Dat er wat breder is as generike ynfoboksen liket my eins net echt in probleem. Der bestiet dochs gjin regel dat se allegearre like breed wêze moatte. Ik haw dizze ynfoboks oarspronklik makke foar de histoaryske Fryske gemeenten (mar wol mei it each op dat er ek gaadlik wêze moast foar algemien gebrûk). Om't ik de skiednis fan 'e Fryske gemeenten deryn opnimme woe, wie it handich om him wat breder te meitsjen, dan paste it allegearre wat makliker. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 apr 2024, 02.05 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk fandêr dat der wat breder is. Tank foar de reaksje. FreyaSport (oerlis) 18 apr 2024, 08.35 (CEST)