Bernlef (brassband)

brassband

Bernlef is de namme fan de kristlike brassband fan Noardburgum, oprjochte yn 1946.

De leden fan de band komme benammen fan Noardburgum en omlizzende doarpen. De muzyk fan de brassband is yn dit doarp te beharkjen tidens û.o. tsjerketsjinsten en it jierlikse donateurskonsert. Bûten it doarp docht Bernlef mei oan konkoersen en festivals; lykas de Nederlânske Brassband Kampioenskippen, it Gouden Spikerfestival en Brassband Festival Fryslân.

De dirigint fan de brassband is sûnt oktober 2011 Theun van Leijen. Earder wie Hille van Hijum dirigint.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Brassband Bernlef