Beskrieming fan Kristus
De beskrieming fan Kristus is in motyf yn 'e kristlike keunst, dy't in foarstelling út- of ôfbyldet fan in lizzende Kristus dy't fan it krús helle is en troch syn mem Marije beskriemd wurdt.
De bibel neamt yn 'e lijensskiednis fan Jezus gjin beskrieming. Fuort nei de krúsôfnamme fynt de grêflizzing plak. Mar út de folgjende tekst soe in taspiling opmakke wurde kinne:
- Al syn kunde stie der op ôfstân nei te sjen, ek de froulju dy't mei Him út Galiléa kommen wiene.
Boppedat binne yn ferskillende apokrive boeken ferwizings te finen nei dy episoade yn 'e lijensskiednis. Mistisy yn 'e midsiuwen makken de episoade bekender. De kleisang soe op Golgota fuort nei de krúsôfname of wat letter by it grêf fan Kristus plakfûn ha.
Yn' e regel komme by de kleisang en de grêflizzing njonken de deade Kristus noch maksimaal sân persoanen foar: Marije, Jehannes, Joazef fan Arimatéa, Nikodémus, Marije Magdalena en de susters fan Marije, Marije fan Klopas en Salomé.
Foarbylden yn 'e keunst
bewurkje seksje-
Giotto
-
Anthony van Dijck
-
Jacopo Palma
-
Luigi Corsi
-
Andrea Solario
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|