Marije fan Klopas

Marije fan Klopas (Gryksk: Μαρία ἡ τοῦ Κλωπᾶ, María hē tou Clōpá) is in frou dy't yn it Nije Testamint wurdt neamd. Ut de Grykske oantsjutting is net op te meitsjen hokker relaasje hja hie ta dy Klopas: hja soe in dochter, de frou of de mem dêrfan wêze kinne. Meastentiids wurdt oannommen dat Marije de frou fan Klopas wie. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt hja op 24 april (foar 2001 op 9 april) betocht, yn 'e Eastersk-otterdoksy op 23 maaie en yn 'e Lutherske Tsjerke op 3 augustus.

Marije fan Klopas neffens Rogier van der Weyden.

Nije Testamint

bewurkje seksje

Marije fan Klopas wurdt ien kear sûnder mis neamd, nammentlik yn Jehannes 19:25:

By it krús fan Jezus stienen syn mem en syn memme suster, Marije fan Klopas en Marije fan Magdala.

Yn oare evangeeljes wurdt dat stuit oars omskreaun:

  • Mattéus 27:56: Under harren wiene Marije fan Magdala, Marije de mem fan Jakobus en Joazef, en de mem fan 'e soannen fan Sebedéus.
  • Markus 15:40: Der wiene ek froulju dy't der op ôfstân nei stiene te sjen. Under harren wiene Marije fan Magdala en Marije, de mem fan jonge Jakobus en Joazes, en Salomé.

Ynterpretaasje

bewurkje seksje

De tekst yn Jehannes 19:25 wurdt faak sa lêzen dat Marije fan Klopas in suster fan Marije, de mem fan Jezus, wie (dus in muoike fan Jezus). Dat is lykwols in striidkwestje. Hja wurdt ek wol mei "de oare Marije" út Mattéus 28:1 lykslein of mei "Marije, de mem fan Jakobus" út Markus 16:1, mar ek dêr bestiet gjin ienriedigens oer. Neffens Papias wie Marije fan Klopas ien fan 'e trije Marije's en wiene hja trije dochters van Sint-Anne.

Guon ûndersikers hawwe út it ferliking fan boppesteande teksten fêststeld dat Marije (de frou) fan Klopas deselde is as Marije de mem fan Jakobus en Joazef. Mattéus 13:55-56 en Marcus 6:3 neame Jakobus en Joazef bruorren fan Jezus (Markus brûkt altiten de minder wenstige stavering Joazes).

 
De trije Marije's by it grêf.

Meastentiids wurdt Marije fan Klopas lyksteld oan de Marije, dy't ien fan 'e froulju wie dy't op 'e dei nei de opstanning fan Jezus nei it grêf gyngen om it lichem fan Jezus mei krûden te salvjen (Lukas 23:55-56).

Guon tradysjes stelle Klopas lyk oan Kleopas, ien fan 'e Emmaüsgongers út Lukas 24:18. Dy Kleopas soe de broer fan Joazef fan Nazareth west ha. Marije fan Kl(e)opas soe dan de skoansuster fan Marije, de mem fan Jezus, west ha. De soan fan Kleopas en Marije wie Siméon fan Jeruzalim, dy't Jakobus, de broer fan Jezus, opfolge as biskop fan Jeruzalim.

Op basis fan 'e sibksip tusken de nammen Kl(e)opas (Arameesk: Chalpaj) en Alfeüs (de Hebriuwske letter chet wurdt yn it Gryksk (yn 'e Septuagint) wol faker mei in α wjerjûn), sadat guon derfan út gean dat Kl(e)opas deselde is as Alfeüs. Yn dat gefal soe hy de heit wêze fan 'e jongere learling Jakobus (soan fan Alfeüs) (Mattéus 10:3; Markus 3:18; Lukas 6:15; Hannelingen 1:13). Syn frou Marije "de frou fan Kl(e)opas" soe dêrmei de mem fan Jakobus wêze, de soan fan Alfeüs dy't yn Markus 15:40; 16:1 en Lukas 24:10 neamd wurdt. Mar it feit dat Kleopas in Grykske namme is en Klopas in Arameekse namme en dat Marije as de ûnbekende Emmaüsgonger net yn 'e kontekst fan it ferhaal fan Lukas 24 passe soe, makket dat guon de konklúzje lûke dat Klopas en Kleopas twa ferskillende persoanen wiene.

Neffens in âlde leginde wie Marije fan Klopas tegearre mei (Marije) Salomé en Swarte Sara foar in kristenferfolging flechte mei in skip út Israel. Yn it jier 46 spielde it skip op it plak oan, dat hjoed-de-dei it Súd-Frânske Saintes-Maries-de-la-Mer neamd wurdt. Op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke hawwe de trije froulju in hûs boud, dêr't in boarne ûntstie dy 't no midden yn 'e tsjerke te finen is. Mei de Swarte Sara ferkundigen de Marije's it evangeelje yn Frankryk oant Marije ferstoar. In pear moanne letter ferstoar ek Salomé en wer wat letter Sara.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: