Wapenstilstân

(Trochferwiisd fan Bestân (oarlochsrjocht))

In wapenstilstân of in bestân is in formele, juridysk binende oerienkomst tusken de (of guon fan de) stridende partijen yn in oarloch of oar wapene konflikt (lykas in opstân of in boargeroarloch), wêrby't dy partijen ôfsprekke om 'e fijannichheden te beëinigjen. In wapenstilstân is net itselde as in frede, mei't de beëiniging fan 'e fijannichheden faak mar fan tydlik aard is. Wol kin it sluten fan in wapenstilstân in stap yn 'e rjochting fan frede wêze. In wapenstilstân moat fierders net betize wurde mei in sjitferbod (Nederlânsk: staakt-het-vuren), dat in folle ynformelere ûnderbrekking fan 'e fijannichheden is, dy't him likernôch ta in wapenstilstân sa't in wapenstilstân him ta in frede ferhâldt.

As in wapenstilstân lang oanhâldt of liedt ta it sluten fan frede, wurdt it yngean fan 'e wapenstilstân oer it algemien beskôge as de ein fan 'e oarloch. Sa rekkenet men ornaris dat de Earste Wrâldoarloch duorre fan 28 july 1914 oant 11 novimber 1918, doe't it Bestân fan Compiègne fan krêft waard. Dat pas mei de Frede fan Versailles, op 28 juny 1919, formeel in ein oan 'e oarloch kaam, wurdt dêrby bûten beskôging litten. Krektsa wurdt ornearre op 27 july 1953 mei it sluten fan 'e Koreaanske Wapenstilstânsoerienkomst in ein kaam oan 'e Koreaanske Oarloch. In fredesferdrach dat definityf in ein oan dat konflikt makket, is lykwols anno 2018 noch altyd net sletten. In oar bekend foarbyld fan in wapenstilstân is it Tolvejierrich Bestân, dat fan 1609 oant 1621 in ûnderbrekking foarme yn 'e Tachtichjierrige Oarloch (1568-1648).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.