Beswarrings yn de Harry Potter-rige
Yn 'e Harry Potter-rige wurde ferskate beswarrings brûkt, dy't allegearre in oar effekt hawwe en dy't allegearre wat barre litte troch magy. Troch mei in toverwisp te swieren en in tsjoenspreuk te sizzen, litte tsjoenders en tsjoensters bygelyks wat fleane of meitsje se ljocht. It meastepart fan de tsjoenspreuken yn 'e rige binne semi-Latynske wurden of sinnen, dy't grammatikaal gauris net korrekt binne.
Oersjoch
bewurkje seksjeHjir in oersjoch fan 'e tsjoenspreuken dy't te finen binne yn 'e boeken fan de Harry Potterrige.
De betsjoenings út 'e filmferzjes fan 'e boeken en de videospultsjes binne net brûkt
Duell. = in typyske duellearspreuk
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
- Accio
- Hjirmei kinst eat sommearje, dat wol yn dizze kontekst sizze: eat nei dy tafleane litte
- Latyn: accio = ik sommearje
- Aguamenti
- Lit wetter ferskine
- Latyn: aqua = wetter.
- Alohomora
- Hjirmei kinst doarren iepenmeitsje
- Hawajaansk: aloha = goeie, Latynsk: mora = hinder
- Amnesia
- Hjirmei wurdt in diel fan it ûnthâld fan immen wiske
- (Of Amnesia Completa: it ûnthâld wurdt hielendal wiske)
- Latyn: Amnesia = ûnthâldferlies
- Anapneo
- Spreuk dy't immen sykhelje lit wannear't er smoart
- Âld-Gryksk: 'αναπνέω (anapneo), (yn)azemjen
- Anti-Migelbetsjoening
- Sjoch: 'Repello Migelandus'
- Aparecium
- Makket saken dy't net te sjen binne wer te sjen
- Latyn: aparere = ferskine
- Avada Kedavra
- Duell.
- In ûnferjoulike flok, de flok om immen te fermoardzjen, giet gear mei in grut, grien ljocht. Hat de mem en heit fan Harry Potter ek fermoarde.
- Arameesk: adada kedabra (abrakadabra) = It ding moat ferneatige wurde
- Avis
- Spreuk dy't lytse fûgels ferskine lit út 'e wispe
- Latyn: avis = fûgel
- Balsemio
- Hielet wûnen.
- Krekt lykas it Fryske wurd "Balsemje"
- Banflok
- Betsjoening ûnbekend
- Lit eat weisjitte/ weifleane
- Buorrelhollebetsjoening
- Betsjoening ûnbekend
- Soarget foar in loftbuol op dyn holle.
- Cave inimicum
- Beskermet tsjoenders tsjin 'eat'
- Latyn: cave = útsjen (sjoch út!), inimicus = fijân
- Colloportus
- Betsjoening dêr't immen in doar magysk mei beskoattelje kin
- Latyn: collere = plakken, portus = doar
- Confringo
- Gruzelflok
- Lit eat eksplodearje
- Latyn: confringo = ik brek
- Confundo
- Duell.
- Dwylsinnigensflok, hjirtroch kinst fertize reitsje
- Latyn: confundo = ik bring yn 'e tiis
- Crucio
- Duell.
- In ûnferjoulike flok, de tamtearflok
- Latyn: crucio = ik martelje
- Defodio
- Hjirmei kinst stikken fan it plafond weisnije
- Latyn: defodere = útgrave
- Deletrius
- Hjirmei kin it tsjustere teken ferdwine litte wurde.
- Ingelsk: delete = weihelje
- Densaugeo
- Duell.
- Dizze spreuk lit 'e tosken fan immen waaksje.
- Latyn: dens = tosk, augeo = ik lit groeie
- Deprimo
- Lit (bygelyks) in muorre eksplodearje
- Latyn: deprimere = yndrukke
- Descendo
- Dizze spreuk lit eat nei ûnderen ta gean.
- Latyn: descendere = nei ûnderen ta gean
- Detentio
- Duell.
- Spreuk dy't immen fêstmakket mei tou.
- Latyn: detendere = besitte
- Diffindo
- Toarnbetsjoening
- Hjirmei kin immen wat stikken meitsje of dingen spjalte
- Latyn: diffindere = spjalte, stikken meitsje.
- Dissendium
- Magyske tagongskoade nei in geheime gong yn Swiniastate
- Latyn: discendo = ôfbûging
- Duplicatus
- Ferdûbelt eat
- Latyn: duplicare = ferdûbelje
- Duro
- Makket eat hurd en massyf
- Latyn: duro = hurd meitsje
- Duvelsfjoer
- Duell.
- Betsjoening ûnbekend
- Dizze spreuk kin ferflokt fjoer meitsje, sa ûntsteane der bygelyks meunsters en draken fan fjoer, dy't eltse fijân dea meitsje
- Enervatio
- Makket de spreuk 'Paralitis' ûndien
- Latyn: enervare = krêfteleas meitsje
- Engorgio
- Fergruttet eat en eat dat lytser makke is troch 'Reducio', krijt syn gewoane grutte wer
- Ingelsk: gorgeous = tige grut
- Erecto
- Rjochtet eat op (bygelyks in tinte)
- Latyn: erectus = oprjochte
- Expecto Patronum
- Duell. (tsjin in Dementor)
- Makket in sulverwite, ljochtjaande Patronus dy't beskerming jout tsjin û.o. Dementors. In Patronus is in positive krêft dy't de foarm fan in dier oannimt. In Patronus is ek te brûken as kommunikaasje.
- Latyn: exspectare = ferwachtsje, patronus = beskermer
- Expelliarmus
- Duell.
- Ûntwapenet in tsjinstanner.
- Latyn: arma = wapens en expello = weihelje/ferdriuwe
- Evanesco
- Lit eat ferdwine
- Latyn: evanescere = ferdwine
- Ferula
- Kin bygelyks in brutsen skonk spalkje
- Latyn: ferula = stôk
- Fideliusbetsjoening
- Betsjoening ûnbekend
- In geheim wurdt opslein yn 'e siele fan 'e geheimhâlder. It geheim wurdt ferbrutsen wannear't de geheimhâlder it trochfertelt
- Latyn: fides = betrouberens
- Finite (Incantatem)
- Lit it effekt fan in oare betsjoening ophâlde
- Latyn: finire = in ein meitsje oan eat, incantatio = betsjoening
- Fladderfleareflok*
- Duell.
- Betsjoening ûnbekend
- Betsjoening wêrtroch't immen fol mei lytse wjuksjes komt te sitten
- Flagrato
- Nei't dizze spreuk útsprutsen is, kin immen mei syn wisp yn 'e loft skriuwe, wêrnei't gleone letters ferskine
- Latyn: flagrare = barne, glânzgje
- Flok fan skonkeplak
- Duell.
- Sjoch: 'Locomotor Mortis'
- Furninculus
- Duell.
- Dêr't immen rekke wurdt, wurdt de hûd tige wartich
- Etymology net fûn
(* Yn 't Hollânsk: Vleddervleervloek )
- Geomanni Pesternomi
- Net tige effektive ferstiivingsbetsjoening foar ierdmantsjes
- Âld-Gryksk: Γαῖα (gaia) = ierde
- Glisseo
- Lit de treppen fan in trep yn Swiniastate yn in glierbaan feroare
- Frânsk: glisser = glydzje
- Gniisspreuken
- Duell.
- Sjoch 'Rictumsempra'
- Homenum revelio
- Jout oan of't der minsken oanwêzich binne yn 'e omjouwing
- Latyn: homo = minsk, Ingelsk: reveal = ûntbleate
- Homorfusbeswarring
- Duell. (tsjin in wearwolf)
- Tydlike remeedzje tsjin in wearwolf
- Latyn: homo = minsk, Âld-Gryksk: μορφή (morfê) = uterlik
- Hygiëna
- Himmelspreuk, hjirmei kinst eat skjinmeitsje
- Âld-Gryksk: 'υγιεινή (hugyeinê) = goadinne fan 'e sûnens
- Impedimenta
- Duell.
- Strjemspreuk
- In oanfal wurdt fertrage, kin ek byeffekten lykas by 'Paralitis' hawwe
- Ingelsk: impediment = hinder
- Imperio
- Duell.
- In ûnferjoulike flok, jout folsleine kontrôle oer immen, dy't dan alles foar dy dwaan sil
- Latyn: imperare = befelje
- Incendio
- Lit eat ûntbarne
- Latyn: incendere = yn brân sette
- Kameoflaazjespreuk
- Jout folsleine kamûflaazje, immen nimt 'e kleuren fan 'e êftergrûn oan
- Levicorpus
- Duell.
- Lit immen ûndersteboppest yn 'e loft hingje
- Latyn: levare = lichter meitsje, corpus = lichem
- Liberacorpus
- tsjinbeswarring fan 'Levicorpus', lit immen wer op 'e grûn falle
- Latyn: liberare = befrije, corpus = lichem
- Locomotor
- Lit eat in bytsje omheech fleane en dyn wisp folgje
- Latyn: Locus = plak, motus = beweging
- Locomotor Mortis
- Duell.
- Flok fan skonkeplak
- Limet skonken oan elkoar
- Latyn: Locus = plak, motus = beweging, mors = dea
- Lumos
- In lyts ljochtsje ferskynt oan de útein fan dyn wisp
- Latyn: lumen = ljocht
- Meteomaledictus recanto
- Tsjinbeswarring foar waarflokken
- Latyn: recantare = weitsjoene, maledicere = ferflokke, meteo-... = waar-...
- Mobiliarbus
- De 'Locomotor'-ferzje spesjaal foar beamen
- Latyn: mobilitas = beweechlikens, arbor = beam
- Morsmordre
- Hjirmei wurdt it tsjustere teken fan Voldemort oproppe
- Latyn: mordere = bite, mors = dea
- Mobilicorpus
- De 'Locomotor'-ferzje foar in minskenliif
- Latyn: corpus = lichem, mobilitas = beweechlikens
- Murmelio
- Nox
- Ljocht makke mei 'Lumos' giet út
- Latyn: nox = nacht
- Nonpluvius
- Spreuk wêrtroch eat net mear wiet wurdt
- Latyn: non = net, pluvius = reinêftich, rein-...
- Oppugno
- Duell.
- Lit eat (bygelyks op magyske mêd produsearre fûgels (sjoch 'Avis')) immen oanfalle
- Latyn: oppugnare = fjochtsje/ stride tsjin eat
- Orchidea
- Hjirmei kinst in boskje blommen te foarskyn tsjoene
- In orchidee is in blom
- Paralitis
- Duell.
- Mei dizze spreuk kinst immen ferlamje mei in grutte, reade ljochtstriel
- Âld-Gryksk: παραλύειν (paraluein) = ferlamje
- Permaninte plakbeswarring
- Betsjoening ûnbekend
- Lit eat foar altyd earne oan fêstkleevje
- Petrificus Totalus
- Duell.
- Lit immen hieléndal ferstiivje
- Âld-Gryksk: πέτρα (petra) = stien, Ingelsk: petrify = ferstiivje, Latyn: totalus = hielendal
- Portus
- In betsjoening om earne in Fiafia fan te meitsjen
- Latyn: portare = bringe, porta = doar
- Prior incantato
- Dizze spreuk lit sjen hokker spreuken koartlyn útsprutsen binne mei in wisp.
- Latyn: prius = earder, incantare = in tsjoenspreuk útsprekke
- Priori Incantatem
- Duell.
- Wannear't twa tsjoenders mei-inoar fjochtsje (in tsjoendersduel) en harren wispen hawwe in selde kearn, kinne de wispen mei in ljochtstriel kontakt meitsje en kin ynienen it effekt fan 'prior incantato' ûntstean
- Sjoch foar de etymology hjirboppe ('prior incantato')
- Protego
- Duell.
- Skyldspreuk
- Hjirmei kinst dysels beskermje tsjin lytse flokken en betsjoeningen (net tsjin grutte flokken lykas de ûnferjoulike flokken), wêrby't de flok ek wjerkeatst wurde kin nei de fijân, wêrtroch't er sels ferflokt wurdt.
- Latyn: protegere = beskermje/ferdigene
- Fariaasjes:
- Protego horribilis (tsjin oeribele flokken)
- Protego totalum (tsjin alle flokken)
- Proteusbeswarring
- Hjirtroch kinst in betsjoening oproppe wêrtroch in magysk ferbân ûntstiet tusken dingen: wannear't ien ding feroaret, feroarje alle dingen
- Latyn: Proteus = god dy't himsels feroarje koe yn eat oars (stalferwikseling)
- Quietus
- Spreuk waarmee je luide stem (door de spreuk sonorus) weer normaal wordt.
- Latyn: quietus = stil
- Reducio
- Makket eat lytser en eat dat fergrutte is troch de betsjoening 'Engorgio', krijt syn gewoane grutte wer
- Latyn: reducere = redusearje
- Reducto
- Gruzelflok
- Lit eat eksplodearje
- Latyn: reducere = redusearje
- Reparo
- Makket eat dat stikken is
- Latyn: reparare = bymeitsje
- Relashio
- Befrijt immen fan eat wêrtroch't er fêsthâlden wurdt
- Ingelsk: release = befrije
- Renervatio
- Hjirmei kinst immen wer by bewustwêze bringe
- Latyn: re- = wer, nervus = û.o. krêft, enerzjy
- Repello Migeltum
- Rictusempra
- Duell.
- Hjirmei kinst immen op magyske mêd kiizje, kidelje
- Latyn: rictum = iepene mûle, semper = altyd
- Ridiculus
- Duell. (tsjin in bûzeman)
- Kinst tsjin in sjamme/bûzeman brûke. Wylst do de betsjoening útsprekst, moast oan eat grappichs tinke.
- Latyn: ridiculum = om te laitsjen
- Salvio hexia
- Sanitato
- Hjirmei kinst eat skjinmeitsje of opromje
- Latyn: sanus = sûn, skjin
- Sectumsempra
- Duell.
- Asto dizze spreuk brûkst en mei dyn wisp swypkest, ferskine der bliedende wûnen dêr't dyn fijân rekke wurdt
- Latyn: secare = fykje, repe, semper = altyd
- Serpensortia
- Duell.
- Tsjoent in slange út dyn wisp
- Latyn: serpens = slang(e), sortire = earne útgean
- Silencio
- Soarget derfoar dat immen net mear prate kin
- Latyn: silere = swije
- Sonorus
- Makket dyn lûd/stimme hurder
- Latyn: sonorus = lûd meitsjend
- Specialis revelio
- Kin eat dat ferside is, ûntbleatsje, bygelyks in betsjoening
- Latyn: specialis = spesjaal, revelare = ûntbleatsje
- Tarantallegra
- Duell.
- Tapdûnssbetsjoening
- Italjaansk: tarantella = in Italjaanske dûns
- Ûnfersteurberensspreuk*
- Betsjoening ûnbekend
- Makket eat (bygelyks in doar) lûdticht. Der kin ek neat mear troch
(* Yn 't Hollânsk: fnuikspreuk
- Waddiwasi*
- Lit eat hurd weisjitte
- Wingardium Leviosa
- Lit eat fleane
- Latyn: levare = licht meitsje
- Wiis my de wei
- Wynroasbetsjoening
- Mei dizze betsjoening kinst dyn wisp brûke as kompas
(* Gommibommi yn 't Hollânsk
- Yt slakken
- Duell.
- Lit immen slakken útspuie
Register: A - B - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y
Foar dizze wiki-side binne de boeken fan 'e Potterrige brûkt en in wurdboek Latyn (De Pinksterferzje).