Betheltsjerke (Genemuiden)

De Bethelkerk (Frysk: Betheltsjerke) is de tsjerke fan 'e hersteld herfoarme gemeente yn Genemuiden, Oerisel.

Betheltsjerke
Lokaasje
provinsje Oerisel
gemeente Swartewetterlân
plak Genemuiden
adres Bereklauw 1
koördinaten 52° 37'N 6° 1' E
Arsjitektuer
arsjitekt Van Beijnum Architecten, Amerongen
boujier 2012
Webside
Side fan gemeente
Kaart
Betheltsjerke (Oerisel)
Betheltsjerke

De hersteld herfoarme gemeente fan Genemuiden ûntstie út in skuorring fanwegen de fúzje fan 'e herfoarme gemeente mei de grifformearde gemeente. Likernôch 1.150 leden fan 'e herfoarme tsjerke woene doe net meigean yn de PKN en rjochten yn Genemuiden in hersteld herfoarme gemeente op. Oant 31 desimber 2012 hierde de hersteld herfoarme gemeente it herfoarme sintrum fan de PKN en krekt foar dy tiid koe de gemeente de nijbou yn gebrûk nimme. Offisjeel waard de tsjerke op 13 april 2013 iepene. Underwilenswie it ledetal fan de gemeente doe al groeid ta 1.450 leden.[1]

 
Gevelstien ta oantinken fan de bou

De foarse tsjerke bestiet út in 20 meter hege tsjerkeseal, in rojale hal, in konsistoarje, sân oare romten en in 38 meter hege toer. De Betheltsjerke fan Genemuiden hat plak foar 1.110 minsken en mei it each op in fierdere oanwaaks fan leden kin der noch in kreake mei 275 plakken ynboud wurde.[2]

Foar de hersteld herfoarme gemeente fan Elspeet waard earder yn 2010 in hast identike tsjerke boud.[3][4]

It oargel is oarspronklik ôfkomstich út Dútslân, dêr't it yn 1970 troch de firma Oberlinger út Windesheim foar de stiftstsjerke yn Neustadt an der Weinstraße boud waard. Al yn 2010 kocht de gemeente it oargel oan foar de noch nij te bouwen tsjerke. Oargelbouwer Ide Boogaard út Rijssen fersoarge de demontaazje, de ferhûzing en de opbou fan it ynstrumint. Dêrby waard de disposysje sûnder feroarings oernommen, mar it front is foar it grutste part in nij ûntwerp .[5]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: