De Beverley Minster (of de Parish Church of Saint John and Saint Martin, Sint-Jan en Sint-Martentsjerke) yn Beverley yn it Ingelske greefskip Yorkshire is in Anglikaanske parochytsjerke. De goatyske tsjerke is ien fan 'e grutste parochytsjerken fan it lân en grutter as mannich katedraal fan Ingelân.

Sint-Jan en Sint-Martentsjerke

Parish Church of Saint John and Saint Martin

Lokaasje
lân Ingelân
regio East Riding of Yorkshire
plak Beverley
adres 38 Highgate
koördinaten 53° 50' N 0° 21' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
patroanhillige Jan fan Beverley
Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier 1190-1490
boustyl Ingelske gotyk
monumintale status Grade I listed building
Webside
beverleyminster.org.uk
Kaart
Beverley Minster (Ingelân)
Beverley Minster

Oarspronklik wie de tsjerke in kollegiale tsjerke, mar de tsjerke waard yn 'e tiid doe't de abdijen troch Hindrik VIII opheft waarden net útkeazen om as biskopstsjerke te funksjonearjen. Yn dy tiid ferlear de tsjerke it kapittelhûs en de oanbuorjende Martinustsjerke (Church of St Martin), mar de munster bleau as parochytsjerke iepen.

De munster hat it bestean te tankjen oan Jan fan Beverley, de biskop fan York (706–714?), dy't om 700 hinne op it plak in kleaster stifte. Syn reliken lizze noch altyd yn in grêf ûnder it skip. Argeologyske opgravings yn 1979-1982 wiisden út dat der fan likernôch 700 oant 850 ek al in grutte tsjerke stien hat op it plak fan 'e hjoeddeiske munster. It lêste jiertal soe wolris betsjutte kinne dat it kleaster troch Wytsings oerfallen waard.

In oare tradysje skriuwt oan kening Athelstone de weroplibbing fan it kleaster as in kollegiale tsjerke fan sekuliere koarhearen ta. De oprjochting fan in belangrike minster mei syn privileezjes wie nei alle gedachten in stadich proses, mar tsjin it begjin fan 'e 11e iuw wie it grêf fan biskop Jan in wichtich pylgersplak woarn. De biskop wie hillich ferklearre yn 1037 en syn ferearing droech by oan it ûntstean fan in stêd om 'e munster hinne.

Yn 'e 12e iuw folge der op de hillichferklearring in grutte ferbouwing. Aartsbiskop Kynesige (1051-1060) foege in hege stiennen toer ta, syn opfolger Ealdred (1060–1069) fergrutte de tsjerke mei in nij koer en liet in beskildere plafond fan it koer oant de toer ynbringe. Fan dy Angelsaksyske tsjerke is neat bewarre bleaun en fan de bou-aktiviteiten yn 'e Normandyske tiid binne fierder gjin ferslaggen bewarre bleaun. Der is lykwols in soad Normandysk mitselwurk fûn by opgravings yn 'e stêd en fjouwer grutte bôgen achter it trifoarium fan it skip binne gearstald fan fannijs brûkte Normandyske voussoirs.

Hjoeddeiske katedraal

bewurkje seksje
 
Ynterieur.

In brân yn 1188 brocht grutte skea ta oan sawol it minster as de stêd, itjinge in folsleine weropbou nedich makke. Der waard jild ynsammele en al gau nei de brân waard der oan 'e eastlike kant útein set mei de nijbou. Foar boppe de krusing soe in nije lantearne boud wurde om it hillichdom fan 'e Sint-Jan better ferljochtsje te kinnen, mar de toer sakke yn en dêrom moast om 1219 hinne in diel fan de tsjerke op 'e nij boud wurde. Likernôch yn 1260 wiene it retrokoer, it koer, it kapittelhûs, de dwersskippen en de krusing foltôge. It nije, romme gebou waard folle mei deiljocht en wie folslein oars as de âlde Saksyske en Normandyske bou dy't it ferfong. It wie it risseltaat fan nije boutechniken en in nije artistike ûntjouwing, dy't de woartels hiene yn Frankryk en tsjin 'e ein fan 'e 12e iuw oerwaaiden nei Ingelân. It wurk kaam lykwols net fierder as it earste travee fan it skip. Fan dy iergoatyske bou gyng allinne it kapittelhûs ferlern. De iennige wichtige feroaring oan 'e iergoatyske bou wie noch it letter ynbringen fan it grutte raam yn 'e eastlike muorre yn 'e perpendicular style, dat mooglik wie om't der yn 1416 jild neilitten wie.

Yn 1292 waard in nije skryn besteld foar Sint-Jan en op 25 oktober 1307 waarden de oerbliuwsels fan 'e hillige yn 'e nije skryn lein. Yn 1308 waard wer jild ynsammele foar de fierdere bou en yn 1311 begûn it wurk wer oan it tsjerkeskip. Dat barde yn in yntusken oare goatyske, rikere styl, de saneamde decorated style. De bou oan it skip gyng troch oant 1334 en einige yn 1348. Mooglik makke de Swarte Dea in ein oan it wurk, dy't doe yn Ingelân hûshold.

 
Westlike gevel

Pas tsjin 1400 waarden it skip en westlike front mei de twa tuorren foltôge. Beide tuorren binne in treflik foarbyld fan 'e perpendicular style, de let-goatyske styl yn Ingelân. De tuorren foarmen de ynspiraasje fan 'e tsjintwurdige westlike tuorren fan Westminster Abbey, ûntwurpen troch Nicholas Hawksmoor. Oan it begjin fan 'e 15e iuw, mei de bou fan it noardlike portaal, wie de katedraal foltôge. Oare grutte feroarings wiene noch it ynbringen fan it grutte eastlike raam (1416), de tafoeging fan in kapel yn 'e noardeastlike hoeke fan 'e tsjerke (1490) en de koerbanken (1520).

De munster rekke yn 1548 syn status kwyt as kollegiale tsjerke en waard doe degradearre ta in gewoane parochytsjerke. It kolleezje fan sekuliere koarhearen, dat noch út de Saksyske tiid datearre, waard ûntbûn en de skryn fan Sint-Jan waard sloopt. It kapittelhûs hie mei de ûntbining fan it kolleezje gjin funksje mear en waard ek ôfbrutsen. Oan it begjin fan 'e 17e iuw waard ek de oan de trije súdwestlike traveeën oanboude parochytsjerke fan Sint-Martinus ôfbrutsen.

Mei de feroarings yn 'e 16e iuw ûntstie der in soad deilis oer de godstsjinst en sa ek yn Beverley. De nije tsjerklike autoriteiten weefden lykwols hurd ôf mei dyjingen dy't neffens harren ûnderdiel útmakken fan "paapske gearspannings" dy't stridich wiene mei keninklike besluten. Under de leauwenden dy't trou bleaune oan Rome wiene ek trije geastliken fan 'e munster, dy't yn 1567 beskuldige waarden fan paapske praktiken. John Levet wie in earder lid fan it kolleezje en Richard Leven wie nei alle gedachten syn broer. Beide waarden út harren funksje as preester set fanwegen it besit fan boeken en roomske saken en beide mochten ek letter net wer yn Beverley en omkriten tsjinje.

 
Trep nei it eardere kapittelhûs.

Oan it begjin fan de 18e iuw rekke de tsjerke yn slim ferfal. Foar it dragen fan it stiennen ferwulft wiene loftbôgen nedich, dy't útsein by it noardlike transept oeral oanbrocht wiene. Troch it ûntbrekken fan dy loftbôgen hong de transeptgevel 1,2 meter út it lead en wie it in kwestje fan tiid dat it noardlik transept ynstoarte soe en mei de krusing ferneatige waard. Under lieding fan Nicholas Hawksmoor fûn der tusken 1717 en 1731 in restauraasje plak. William Thornton fan York, ien fan 'e opsichters fan it projekt, betocht in yngenieuze oplossing om de muorre mei in ûnbidich grut houten raamwurk wer yn it lead te setten. Tagelyk waarden de súdwestlike traveeën fan it skip, dêr't ea de Sint-Martinustsjerke oan fêstboud wie, op 'e nij boud op in wize dy't better by de rest fan it tsjerkeskip paste.

It portaal fan de westlike yngong datearret út de 18e iuw. Nicholas Hawksmoor ûntwurp foar it portaal fjouwer houten bylden fan 'e evangelisten. Westlik fan 'e súdlike kant stiet it doopfont, dat út 1170 stamt en noch yn 'e foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke stien hat. It is houd út Frosterley-moarmer út Durham en as jo goed sjogge binne der fossilen yn te sjen. De hege houten toerdeksel boppe it doopfont is in ryk bewurke tafoeging út 1726.

 
Doopfont

Twa út lead getten bylden (dy't oarspronklik by de yngong nei it koer stiene) út de 18e iuw steane hjoed-de-dei yn it súdlike sydskip foar de Hightgate-poarte oer opsteld. De bylden moatte Sint-Jan en kening Atelstan foarstelle, dy't de tsjerke út tankberens oer in oerwinning op 'e Denen yn 937 ryk mei privileezjes bedield hawwe soe. De bylden binne farve om't se sa better by de boustien útkomme.

It grêf fan Sint-Jan leit midden op it eastlike ein fan it middenskip en wurdt ôfdutsen mei in stiennen plaat mei in ferguld ynskrift. Lofts dêrfan stiet in 18e-iuwske kânsel.

It alter yn 'e krusing stamt út 1970. It oargel stiet boppe in houten doksaal út 1877–1880, in ûntwerp fan George Gilbert Scott en makke troch James Elwell út Beverley.

Ut 'e iere 16e iuw stamme de koerbanken mei 68 sitten en miserikordes, dy't grutte oerienkomsten hawwe mei dy fan 'e katedralen fan Manchester en Ripon. De baldekinen boppe de koerbanken waarden yn 'e 18e iuw tafoege en yn it begjin fan 'e 20e iuw oanfolle mei bylden. Yn it grutte eastlike raam is it âldste glês fan 'e munster te finen, dat datearret fan likernôch 1220 oant it begjin fan 'e 15e iuw.

 
Oargel

Yn 'e katedraal stiet in saneamde Frith Stool (Fredesstoel) út de tiid fan foar 1066. Fan sokke sitten binne der net in soad bewarre bleaun. De sit joech yn 'e Saksyske tiid minsken, dy't fanwegen in misstap socht waarden, kleminsje troch der op te sitten.

Yn e tsjerke steane meiïnoar santich midsiuwske, foar in part yn 'e reformaasje fernielde en letter restaurearre, bylden fan musikanten. Se drage 20 ferskillende soarten ynstruminten en binne somtiden fan stien en somtiden fan hout.

De trije kapellen fan it súdlike transept binne rezjimintskapellen fan it East Yorkshire Regiment en betinke de deaden fan de twa Wrâldkrigen.

It stiennen heechgoatyske baldekyn fan Percy (yn 'e noardlik koerbeuk) foarmet ien fan 'e masterwurken fan byldhouwurk yn 'e decorated style. Wa't dêr begroeven leit is net dúdlik, mar nei alle gedachten wie it Eleanor, de widdo fan Henry Percy, de 4e greve fan Northumberland, dy't ferstoar yn 1314. It ryk mei bylden dekorearre baldekyn waard yn 'e jierren 1340-1349 makke. Ek yn 'e noardlike koerbeuk binne de Percykapel (1490) en de stiennen trep, dy't yn 'e kollegiale tiid nei it net mear besteande kapittelhûs late..

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Beverley Minster