Bienze IJlstra (Bûtenpost, 1954) is dirigint en haaddosint koperblazers.

Bienze IJlstra krige syn earste muzyklessen fan Tjeerd Brouwer. Hy ferfolge syn stúdzje oan de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert. Dêr studearre er eufoanium en direksje. Doe't er achttjin wie krige er syn earste korps as dirigint. Sûnt dy tiid hat IJlstra in soad korpsen regionale en nasjonale súksessen brocht. Hy wie ûnder oare dirigint fan brassband De Bazuin út Oentsjerk en brassband De Wâldsang út Bûtenpost. Tsjintwurdich (2007) is er haaddosint koperblazers by streekmuzykskoalle De Wâldsang yn Bûtenpost. Dêrneist is er dirigint fan it koperensemble fan dyselde muzykskoalle en fan fanfare De Bazuin út Stynsgea en 'Blaast de Bazuin' út Surhústerfean.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: