De Wâldsang is in brassband út Bûtenpost, dy ‘t yn de jierren santich as koperensemble binnen de muzykskoalle "De Wâldsang" yn Bûtenpost ûntstien is.

De Wâldsang
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk, Nederlânsk

De mei-inisjatyfnimmer en earste dirigint Tjeerd Brouwer sammele de bêste koperblazers fan syn muzykskoalle om him hinne. Yn 1977 wie der in ôfkoppeling fan de muzykskoalle en sûnttiid is de brassband selsstannich. De brassband ûntwikkelde him fierder en al gau waarden der konserten útfierd, waard oan wedstriden dielnomd en waarden útstjoerings op de radio fersoarge. Sa waard de band net allinnich yn Fryslân bekend, mar ek dêrbûten. Fan 1975 ôf wie De Wâldsang sân kear "Brassband fan it Jier" by de wedstriden fan de VARA. De brassband waard fyftjin kear Nederlânsk kampioen op de Nederlânske Brassband Kampioenskippen.

Yn 1980 waard de brassband by de Europeeske Kampioenskippen yn Londen fjirde. Yn 1981 berikte de band it tredde plak. Mei ûtsûndering fan 1986 waard alle jierren meidien oan dit grutte muzykfeest. Yn 1990 waard men yn Falkirk (Skotlân) opnij tredde by de Europeeske Brassband Kampioenskippen.

1999 wie in bysûnder jier. Neist de kampioenstitel by de Nasjonale Brassband Kampioenskippen waard men by it Fryske Brassband Festival twadde, fierder kampioen by de Internasjonale konsertwedstryd yn Leest (België) en yn Nederlân waard Brassband "De Wâldsang" útroppen ta "Brassband fan de iuw".

Nei Tjeerd Brouwer folgen oare diriginten lykas Dirk Lautenbach en Bienze IJlstra. Sûnt 1989 is Rieks van der Velde dirigint.

wedstryd oantal jierren
Nederlânske Brassband Kampioenskippen 15x 1981, 1986, 1987, 1988, 1989, 1990, 1992, 1994, 1997, 1999,

2003, 2006, 2007, 2009, 2017

Vara's Brassband fan it Jier 7x 1976, 1977, 1978, 1980,1981, 1982, 1986
Survento 4x 1997, 2001, 2010, 2022
Frans Open Brassband Kampioenskippen 1x 2000
Euro Brass 1x 2005

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: