Bijefretter
Bijefretter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||
taksonomy | ||||||
| ||||||
soarte | ||||||
Merops apiaster - Linnaeus 1758 |
De bijefretter (Merops apiaster) is in fûgel út de famylje fan de bijefretters, en út it skift fan de rôldereftigen.
FoarkommenBewurkje
De bijefretter is in kleurige fûgel mei blauwe, brune, giele en wite ûnderdielen, en yn kromme swarteftige snaffel. Hy is likernôch 28 cm grut, en weacht sa'n 50-70 g.
FerspriedingBewurkje
Súd-Jeropa, Súdwest-Aazje en Afrika. De bijefretter briedt sûnt likernôch 2000 hast jiers yn Nederlân. As gefolch fan de klimaatferoaring komt hy jier nei jier stees noardliker foar. In Nederlân, ek yn Fryslân, is de bijefretter no in regelmjittige gast.
ItenBewurkje
De iisfûgels frette yn haadsaak bijen en holders, mar as it sa útkomt ek brimzen en oare ynsekten.
TaksonomyBewurkje
De (gewoane) bijefretter is monotypysk, d.w.s. is net yn ûndersoarten ferdield.