Bisdom Aalborg
It Bisdom Aalborg (Deensk: Aalborg Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
Skiednis
bewurkje seksjeIt hjoeddeiske bisdom Aalborg hat syn woartels yn it eardere bisdom Børglum, dat nei de reformaasje opheft waard. Mei de ynfiering fan it lutheranisme waard de lêste roomske biskop Stygge Krumpen yn 1536 ôfset. De biskopssit ferhûze doe ynearsten nei Nykøbing Mors, dêrnei nei Thisted en doe nei Hjørring. Yn 1554 ferhûze de biskopssit nei Aalborg.
Domtsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Domtsjerke fan Aalborg.
De domtsjerke fan it bisdom Aalborg is de De Sint-Botulfustsjerke (Deensk: Budolfi Kirke) yn Aalborg.
Leden
bewurkje seksjeYn 2023 wiene 433.130 ynwenners fan it bisdomgebiet lid fan 'e Deenske Folkstsjerke, mear as 80% fan it totale oantal bewenners yn it gebiet.
Organisaasje
bewurkje seksjeIt bisdom Aalborg omfiemet 10 fan 'e 11 gemeenten yn Noard-Jutlân (de gemeente Vesthimmerland is by it bisdom Viborg yndield) en makket mei goed 7.000 km² goed in sechde út fan it oerflak fan Denemark.
It bisdom is ferdield yn 14 proasdijen (provstier), dêr't 296 parochy's (sogne) en 330 tsjerken by hearre (sifers 2023).[1]
|
|
List biskoppen
bewurkje seksje
|
|
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Bisdommen fan de Deenske Folkstsjerke | ||
---|---|---|
Bisdom Aalborg · Bisdom Århus · Bisdom Fún · Bisdom Grienlân · Bisdom Haderslev · Bisdom Helsingør · Bisdom Kopenhagen · Bisdom Lolland-Falster · Bisdom Ribe · Bisdom Roskilde · Bisdom Viborg | ||
· · |