Folkstsjerke yn Grienlân

(Trochferwiisd fan Bisdom Grienlân)

De Folkstsjerke yn Grienlân (Grienlânsk: Ilagiit, letterlik: "De Kongregaasje", Deensk: Grønland Stift), ek it bisdom fan Grienlân, is de offisjele lutherske tsjerke fan Grienlân.

Domtsjerke fan Nuuk

De Folkstsjerke yn Grienlân is ien fan 'e alve bisdommen yn 'e Deenske Folkstsjerke, mar falt sawol wat de wetjouwing as de finansiering oanbelanget ûnder de autonomy fan Grienlân. Dêrmei ferskilt de Grienlânske Tsjerke fan de Tsjerke op 'e Fêreu-eilannen, dy't op 29 july 2007 hielendal út 'e Deenske Folkstsjerke stapte en sûnt in ûnôfhinklike Folkstsjerke is.

Skiednis bewurkje seksje

Foar de reformaasje stie it bisdom Grienlân bekend as it bisdom Garðar. Dat âlde bisdom rekke yn 'e 14e iuw mei de dea fan biskop Álfur yn 1378 yn it neigean. Dochs waarden der oant 1537 noch altiten biskoppen beneamd, mar gjint dêrfan kaam ea op Grienlân. Fan 1905 oant 1923 wie Grienlân ûnderdiel fan it net mear besteande bisdom Seelân en tusken 1923 en 1993 fan it bisdom Kopenhagen.

Yn 1980 krige Grienlân in eigen biskop dy't noch ûnder it bisdom Kopenhagen foel en yn 1993 waard Grienlân in selstannich bisdom.

Selsstannigens bewurkje seksje

De Folkstsjerke fan Grienlân wurdt lykas mear ynstituten yn Grienlân fanút Denemark bestjoerd, mar hat in grutte mjitte fan selsstannigens. De Grienlânske Folkstsjerke hat mar ien bisdom, dy't ûnderdiel is fan de Deenske Folkstsjerke, mar yn 'e rjochting fan folsleine ûnôfhinklikens beweecht, lykas earder ek de Tsjerke op 'e Fêreu-eilannen, dy't ek út ien bisdom bestiet en folsleine ûnôfhinklikens krige fan 'e Deenske Folkstsjerke.

Sûnt 21 juny 2009 hat it Grienlânske bisdom in status aparte. Grienlân hat de ferantwurdlikens foar it bisdom, wylst de oare bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke ûnder it Deenske parlemint falle.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en/of oare literatuer, sjoch: op dizze side.


 
Bisdommen fan de Deenske Folkstsjerke
Bisdom AalborgBisdom ÅrhusBisdom FúnBisdom GrienlânBisdom HaderslevBisdom HelsingørBisdom KopenhagenBisdom Lolland-FalsterBisdom RibeBisdom RoskildeBisdom Viborg