Bisdom Viborg
It Bisdom Viborg (Deensk: Viborg Stift) is ien fan 'e alve bisdommen fan 'e Deenske Folkstsjerke, wêrfan't tsien yn Denemark en ien yn Grienlân lizze. De Deenske Folkstsjerke is in evangelysk-luthersk tsjerkegenoatskip.
Skiednis
bewurkje seksjeIt bisdom Viborg waard om 1065 hinne troch opdieling fan it bisdom Ribe stifte. De earste stiennen domtsjerke waard tusken 1125 en 1200 boud. Yn 'e midsiuwen wie de grêfkapel fan de yn 1188 hillich ferklearre domproast Kjeld in wichtich beafeartsplak.
Yn 'e tiid fan 'e reformaasje wie Viborg ien fan de sintra fan wêrút it lutheranisme him oer it lân fersprate. Al yn 1525 koe de tsjerkeherfoarmer Hans Tausen dêr protestantsk preekje en net lang dêrnei troch in printerij syn preken ûnder de minsken bringe. Kening Kristiaan III liet yn 1536 de lêste roomsk-katolike biskop Jørgen Friis yn 'e finzenis smite. Sûnt is Viborg in luthersk bisdom.
Domtsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Domtsjerke fan Viborg.
De domtsjerke fan it bisdom is de Us-Leaffrouwetsjerke (Vor Frue Maria Domkirke) yn Viborg.
Oantal leden
bewurkje seksjeYn 2016 hearde 86% fan 'e befolking yn it bisdom by de Deenske Folkstsjerke.[1]
Organisaasje
bewurkje seksjeIt bisdom bestiet út alve proasdijen (provstier), dêr't 290 parochy's (sogne) ûnder falle.
- Viborg Domprovsti
- Viborg Østre Provsti
- Herning Nordre Provsti
- Herning Søndre Provsti
- Holstebro Provsti
- Ikast-Brande Provsti
- Lemvig Provsti
- Salling Provsti
- Skive Provsti
- Struer Provsti
- Vesthimmerlands Provsti
Biskoppen
bewurkje seksje
|
| |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Bisdommen fan de Deenske Folkstsjerke | ||
---|---|---|
Bisdom Aalborg · Bisdom Århus · Bisdom Fún · Bisdom Grienlân · Bisdom Haderslev · Bisdom Helsingør · Bisdom Kopenhagen · Bisdom Lolland-Falster · Bisdom Ribe · Bisdom Roskilde · Bisdom Viborg | ||
· · |