Domtsjerke fan Nuuk

De Ferlossertsjerke (Grienlânsk: Annaassisup Oqaluffia, Deensk: Vor Frelser kirke) is de houten domtsjerke fan de Folkstsjerke yn Grienlân. De tsjerke stiet yn it histoaryske sintrum fan Nuuk , de haadstêd fan Grienlân en waard yn 1849 op in opfallend plak boud

Domtsjerke fan Nuuk
Lokaasje
lân Grienlân
plak Nuuk
adres 57H4+V9F
koördinaten 64° 10' N 51° 44' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Folkstsjerke yn Grienlân
bisdom Lolland-Falster
Arsjitektuer
boujier 1848-1849
Webside
Hiemside Folkstsjerke Grienlân
Hiemside parochy Nuuk
Kaart
Domtsjerke fan Nuuk (Grienlân)
Domtsjerke fan Nuuk

Oars as de oare lutherske tsjerke fan Nuuk hat de domtsjerke in reade kleur. Dêrfandinne wurdt de tsjerke ek wol Reade Tsjerke neamd (de moderne lutherske Hans Egede-tsjerke is wyt fan kleur en wurdt Wite Tsjerke neamd).

Skiednis bewurkje seksje

De tsjerke stiet oan 'e haven yn it âldste diel fan Nuuk en waard yn 'e jierren 1848-1849 en op 6 april 1849 ynwijd. Nei de foltôging fan de tsjerke waarden de âldere tsjerken fan Nuuk oerstallich, wêrfan e âldste út 1758 stamde. It dakruterke waard net earder as yn 1928 tafoege. Sûnt 1949 hat de tsjerke elektrysk ljocht.

 
Oargel

Mei yngong fan de Deenske wet Tsjerke en Skoalle op Grienlân hat de tsjerke sûnt 6 maaie 1993 in status aparte yn 'e Deenske Folkstsjerke. Sûnt 1995 is Nuuk in selsstannich bisdom yn 'e Folkstsjerke, dy't ûnder de oerheid fan Grienlân falt. De earste biskop fan Grienlân sûnt 616 jier wie Kristian Mørk, dy't in jier letter yn 1995 opfolge waard troch de doe 39 jier âlde Sofie Petersen. Hja wie de twadde froulike biskop fan 'e Deenske Folkstsjerke.

De Noarske Tsjerke joech de twa grutte koperen kandelers op it alter.

Bylden bewurkje seksje

By de tsjerke steane twa bylden. Ien dêrfan is it boarstbyld fan 'e organist en dichter Jonathan Petersen. Wat fierder fan 'e tsjerke stiet op in rots in byld fan de Deensk-Noarske apostel fan Grienlân, Hans Egede. Dat byld waard yn 1921 oprjochte en is in replika fan it byld dat foar de Moarmeren tsjerke yn Kopenhagen stiet.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en/of oare literatuer, sjoch: op dizze side.