Bloedige Snein
(Trochferwiisd fan Bloody Sunday)
Bloedige Snein (Ingelsk: Bloody Sunday) wie in sjitpartij yn Derry, Noard-Ierlân op 30 jannewaris 1972 dêr't fjirtsjin ûnbewapene jonges en mannen by delsketten waarden troch Britske soldaten nei in freedsume, mar troch de Britten ferbean demonstraasje foar boargerrjochten yn it stêdsdiel Bogside yn it Noard-Ierske Derry. De demonstraasje, mei de Guildhall yn it sintrum as bestimming, wie organisearre troch de protestânske Ivan Cooper om te protestearen tsjin de opsluting fan, benammen katolike, Ieren yn Noard-Ierlân. It tal dielnimmers is net presiis fêststeld en de skatting rint útein fan trijetûzen oant tritichtûzen.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |