Derry
Derry, offisjeel Londonderry, is de twadde stêd fan Noard-Ierlân en de fjirde op it eilân Ierlân. De namme Derry komt fan de Ierske namme foar de stêd: Doire, wat 'ikebosk' betsjut. Yn 1613 krieg de stêd keninklike privileezjes fan Kening James I en feroare de namme yn Londonderry. Tsjintwurdich wurdt de stêd meastentiids Derry neamd, mar ek Londonderry komt noch foar.
Derry / Londonderry | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Distrikt | Derry City | |
County | County Londonderry | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 85.016↑ (2008) | |
Oerflak | 25 | |
Stêdekloft | 237.000 | |
Oar | ||
Postkoade | BT47 BT48 | |
Tiidsône | UTC+0 | |
Simmertiid | UTC+1 | |
Offisjele webside | ||
www.derrycity.gov.uk |
It âlde part fan de stêd mei stedsmuorren leit op de westlike wâlkant fan de rivier Foyle. Tsjinwurdich is de stêd ek útwreide nei de eastlike wâlkant. Yn 2001 hie de stêd 83.652 ynwenners. It distrikt Derry wurdt, ynklusyf de haven en it fleanfjild, bestjoerd troch de Derry City Council. De Greater Derry area, it gebiet mei in straal fan 30 kilometer om de stêd hinne, hat likernôch 237.000 ynwenners.
Derry leit tichtby de grins mei de Ierske Republyk en troch de iuwen hinne wie der altiten in soad kontakt mei de minsken yn County Donegal.
Op 30 jannewaris 1970 kaam de stêd yn 't nijs troch Bloody Sunday, doe Britske militêren 14 freedsume demonstranten deasketten.
Ynwenners
bewurkje seksjeBerne yn Derry
bewurkje seksje- Alan Davidson (1924-2003), diplomaat en kultuerhistorikus
- John Hume (1937-2020), politikus en Nobelpriiswinner
- Roma Downey (1960), aktrise
- Phil Coulter (1942), muzikant, lietsjeskriuwer en komponist
- Nadine Coyle (1985), sjongster yn de famkesband Girls Aloud
- Dana (1951), sjongster[1] en politika
- Martin McGuinness (1950-2017), politikus
- Damian McGinty (1992), akteur
Stoarn yn Derry
bewurkje seksje- John Hume (1937-2020), politikus en Nobelpriiswinner
- Martin McGuinness (1950-2017), politikus
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Derry fan Wikimedia Commons. |