John Hume (Derry, 18 jannewaris 1937 – dêre, 3 augustus 2020) wie in Noardiersk politikus, dy't rûnom beskôge wurdt as ien fan 'e arjitekten fan it Noardierske fredesproses. Hy wie fan 1979 oant 2001 lieder fan 'e sosjalistyske en Iersk-nasjonalistyske Sosjaal-Demokratyske en Arbeiderspartij (SDLP), en tsjinne as lid fan trije Noardierske parleminten efterinoar, it Britske Parlemint en it Jeropeesk Parlemint. Yn 'e mande mei David Trimble, de lieder fan 'e Ulsterske Unionistyske Partij (UUP), wûn er yn 1998 de Nobelpriis foar de Frede.

John Hume
politikus
echte namme John Hume
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 18 jannewaris 1937
berteplak Derry (Noard-Ierlân)
stjerdatum 3 augustus 2020
stjerplak Derry (Noard-Ierlân)
etnisiteit Iersk
Skotsk
partij Sosjaal-Demokratyske en
   Arbeiderspartij
(SDLP)
ûnderskiedings Nobelpriis f.d. Frede 1998
lid fan 'e Wetjaande Gearkomste
(fan Noard-Ierlân) foar Foyle
amtsperioade 19982000
foargonger kiesdistrikt oprjochte
opfolger Annie Courtney
lid fan it Britske Parlemint foar Foyle
amtsperioade 19832005
foargonger kiesdistrikt oprjochte
opfolger Mark Durkan
lid fan it Jeropeesk Parlemint
amtsperioade 19792004
foargonger oprjochte
opfolger Bairbre de Brún
lid fan 'e Noardierske Assimblee foar Foyle
amtsperioade 19731974
foargonger parlemint oprjochte
opfolger parlemint opheft
Noardiersk minister fan Hannel
amtsperioade 1974
lid fan it Parlemint fan Noard-Ierlân foar Foyle
amtsperioade 19691972
foargonger Eddie McAteer
opfolger parlemint opheft
Dizze side giet oer de Noardierske politikus en Nobelpriiswinner. Foar oare betsjuttings, sjoch: John Hume (betsjuttingsside).

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Hume waard yn 1937 berne yn 'e Noardierske stêd Derry (troch de unionisten 'Londonderry' neamd), as de soan fan Samuel Hume en dy syn frou Anne Doherty. Hy wie fierhinne fan etnysk Iersk en religieus roomsk komôf, hoewol't ien fan syn oerpakes in presbyteriaanske Skot wie dy't him yn it greefskip Donegal nei wenjen set hie. Hume studearre oan it St. Columb's College en ek oan it St. Patrick's College yn Maynooth, in foaroansteand roomsk seminaarje, dêr't er foar preester leare woe. Hy makke syn oplieding ta geastlike lykwols net ôf en kearde mei in mastergraad werom nei Derry, dêr't er ynstee ûnderwizer waard.

Yn Derry wie Hume ien fan 'e stifters fan 'e saneamde Kredytunybeweging, en yn 1964 waard er mei 27 jier de jongste foarsitter ea fan 'e Ierske Liga fan Kredytunys, in funksje dy't er oant 1968 behold. Teffens wied er yn 1965 foarsitter fan it Komitee foar de Universiteit fan Derry. Troch syn maatskiplike belutsenens groeide Hume geandewei de 1960-er jierren út ta ien fan 'e lieders fan 'e Noardierske boargerrjochtebeweging. Nei't de oprjochting fan in universiteit yn syn thússtêd op 'e non rûn, joech er him by it Aksjekomitee fan Boargers fan Derry (DCAC), dat ta doel hie om 'e oandacht te fêstigjen op 'e ûnderdrukking fan 'e roomske befolkingsgroep yn 'e stêd troch it protestantske regear fan Noard-Ierlân. Oars as de Noardierske Boargerrjochteferiening (NICRA) wie it DCAC spesifyk op in pleatslike kampanje rjochte en behold it syn geweldleaze útgongspunt.

Op it hichtepunt fan 'e Noardierske boargerrjochtekampanje, yn 1969, waard Hume keazen as ûnôfhinklik Iersk-nasjonalistysk lid fan it doetiidske Parlemint fan Noard-Ierlân foar it kiesdistrikt Foyle. Yn dy funksje tsjinne er oant it parlemint yn 1972 opheft waard. Yn oktober 1971 died er mei oan in hongerstaking fan fjouwer Britske parlemintsleden yn protest tsjin 'e ynternearring sûnder foarm fan proses fan hûnderten Ierske republikeinen dy't fertocht waarden fan belutsenens by geweld of boargerlike oerhearrigens tsjin it Britske bestjoer fan Noard-Ierlân. Yn 1973 waard Hume foar Foyle keazen yn 'e mar koart besteande Noardierske Assimblee, en yn 1974 tsjinne er yn it noch koarter besteande koälysjeregear tusken roomske nasjonalisten en protestantske unionisten as minister fan Hannel.

 
John Hume (rj.) yn 1995 yn petear mei de Amerikaanske presidint Bill Clinton.

Yn oktober 1974 besocht Hume om 'e nocht foar Derry yn it Britske Parlemint keazen te wurden, en yn 1983 slagge him dat, op 'e nij foar Foyle. Dat wie nei't er yn 1979 Gerry Fitt opfolge wie as lieder fan 'e sosjalistyske en nasjonalistyske Sosjaal-Demokratyske en Arbeiderspartij (SDLP), in politike partij dy't er sels mei-oprjochte hie. Tagelyk tsjinne Hume fan 1979 ôf ek as ien fan 'e trije Noardierske leden fan it Jeropeesk Parlemint yn Brussel en wurke er as dosint oan it Boston Kolleezje yn Chestnut Hill yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, dat him yn 1995 in earedoktoraat takende.

Yn 'e 1980-er jierren wie Hume direkt behelle yn 'e geheime ûnderhannelings tusken it Britske regear en Sinn Féin, in republikeinske poltike partij yn Noard-Ierlân dy't sjoen waard as de politike tûke fan 'e terroristyske ôfskiedingsbeweging IRA. Dêrby wie it yn it earstoan benammen syn doel om Sinn Féin oan iepentlike ûnderhannelings dielnimme te litten. Der wurdt spekulearre (mei't de kwestje troch alle belutsenen noch altyd tige dizenich holden wurdt) dat de geheime ûnderhannelings laat hawwe ta de Britsk-Ierske Oerienkomst fan 1985. Doe't dat ferdrach bekend rekke, waard it troch de measte (protestantske) unionisten fersmiten om't it harren fierstente fier gie; ek de measte (roomske) republikeinen en in grut part fan 'e (gematigder, roomske) nasjonalisten wiisden it ôf, om't it harren lang net fier genôch gie. Hume sette lykwols syn dialooch mei Gerry Adams fan Sinn Féin fuort en wist sa yn 1994 it sjitferbod fan 'e IRA te berikken, dat yn 1998 de grûnslach foarme fan 'e Oerienkomst fan Goedfreed wêrmei't it Noardierske konflikt beëinige waard.

Yn 1998 waard oan Hume foar syn krewearjen foar in duorjende frede yn syn heitelân, yn 'e mande mei de unionistyske lieder David Trimble fan 'e Ulsterske Unionistyske Partij (UUP), de Nobelpriis foar de Frede takend. Hume wûn ek de Gandhi Fredespriis en de Martin Luther Kingpriis, en is de iennichste persoan dy't ea alle trije ûnderskiedings krigen hat. Doe't David Trimble nei it sluten fan 'e Oerienkomst fan Goedfreed premier fan Noard-Ierlân waard, wie de ferwachting dat er Hume as fise-premier oanwize soe. Ynstee gie dy funksje nei Séamus Mallon, in oar lid fan 'e SDLP. Guon sjoernalisten tochten dat dat te krijen hie mei it feit dat Hume en Trimble op it persoanlike flak min koene. Hume wie dêrnei fan 1998 oant 2000 parlemintslid fan 'e nije Wetjaande Gearkomste fan Noard-Ierlân.

Yn 2001 loek Hume him werom as lieder fan 'e SDLP, en waard opfolge troch Mark Durkan. Op 4 febrewaris 2004 kundige er syn folsleine pinsjonearring oan. Hy naam net mear diel oan 'e Jeropeeske ferkiezings fan 2004, wêrby't syn sit yn it Jeropeesk Parlemint wûn waard troch Bairbre de Brún fan Sinn Féin. Likemin died er mei oan 'e Britske parlemintsferkiezings fan 2005, wêryn't Mark Durkan syn sit foar de SDLP wist te behâlden. Nei syn pinsjonearring sette Hume him noch yn foar alderhanne saken, lykas de wrâldwide bestriding fan earmoede troch de oprjochting fan kredytunys en de demokratisearring fan 'e Feriene Naasjes. Hy reizge in protte en hold lêzings foar universiteiten en oare organisaasjes yn û.o. de Feriene Steaten, Kanada en Ierlân.

Priveelibben

bewurkje seksje

Hume wie troud en hie fiif bern. Hy wie in leafhawwer fan fuotbal en tsjinne jierren as foarsitter fan 'e pleatslike fuotbalklub Derry City F.C. Op jierren rekke er oanhelle mei demintens, wêrfan't de earste symptomen har oan 'e ein fan 'e 1990-er jierren foardiene en foar him de direkte oanlieding wiene om út 'e polityk te stappen. Yn 2012 beneamde paus Benediktus XVI Hume ta kommandeur yn 'e Oarder fan Sint Gregoarius de Grutte.

John Hume kaam yn 'e iere moarn fan 3 augustus 2020 te ferstjerren yn in ferpleechtehûs yn Derry. Hy waard 83 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.