Foyle (rivier)
De Foyle (fan it Iersk, An Feabhail, dat betsjut riviermond oan de râne) is in Ierske rivier yn West-Ulster, dy't fan de gearrin fan de Finn en de Mourne ôf by de stêden Lifford yn county Donegal yn Ierlân en Strabane yn county Tyrone yn Noard-Ierlân delgiet, dêr't er by Derry útmûnet yn de Lough Foyle en dêrnei yn de Atlantyske Oseaan. De totale lingte fan de Foyle (total) is 129 km. De rivier is sa'n 10 km fan de mûning ôf te befarren foar lytse boaten.
De rivier is de skieding tusken dielen fan county Donegal en parten fan county Londonderry en county Tyrone.
Ferdivedaasje
bewurkje seksjeSimmerdeis is de Foyle populêr by wettersporters.
De Foyle jilt as ien fan wichtichste rivieren foar it fiskjen op salm. It fiskseizoen duorret fan 1 april oant 20 oktober.[1]
-
De Foyle yn Londenderry
-
De Foyle by nacht yn Derry
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory River Foyle fan Wikimedia Commons. |