De Boarch Veynau is in midsiuwske wetterboarch en it grutste kastiel yn de gemeente Euskirchen yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It kastiel stiet oan de westlike râne fan de stêd Euskirchen.

Boarch Veynau
  kastiel
Lokaasje
lân Dútslân
regio Noardryn-Westfalen
kring Euskirchen
plak Euskirchen
koördinaten 50° 38' N 6° 43' E
Skiednis
boujier 1340
hjoeddeiske steat foar in part bewarre
Oars
type wetterboarch
tagonklikens beheind tagonklok
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
eu-wisskirchen.de
Kaart
Boarch Veynau (Noardryn-Westfalen)
Boarch Veynau

De boarch waard om 1340 hinne stifte en troch markgreve fan Jülich als lien oan de balju Dietrich Schinnenmann fan Aldenhoven, dy't it ta de sterkste fêsting fan de omkriten útboude.

 
De boarch yn de 19e iuw

Nei de Tritichjierrige Kriich (1618–1648) moast de skansearre boarch renovearre wurde. De Frânske generaal Lacroix liet it kastiel yn 1708 delbaarne. By de restauraasje dy't folge krigen de tuorren de hjoeddeiske bekroanings. Yn 1722 waard de fjildmaarskalk Maximilian Carl von Martial, dy't it westlike diel fan it hearehûs nij bouwe liet.

Yn de 20e iuw stie it kastiel lang leech en stadichoan rekken de gebouwen yn ferfal. In swiere ierdskodding makke it gebou noch brekfalliger. Nei't de brekfallige boarch yn besit kaam fan Harald frijhear fan Elmendorff liet dy it kastiel mei stipe fan de dielsteat restaurearje.

Sûnt 1985 is it kastiel in monumint.

Gebrûk en beskiuwing

bewurkje seksje

It kastiel is yn partikulier besit en wurdt as wenning en bedriuwskantoar brûkt. Fan it bûtenkompleks is allinne it foarste diel frij tagonklik.

Fan it útwrydske kompleks binne de foarboarch mei twa rûne tuorren en de sintrale boarch mei it paleis en twa hoektuorren bewarre bleaun. De histoaryske grêft, de warmuorre en de muorreoansetten fan de net mear besteande midsiuwske fleugels binne noch te werkennen. It yndrukwekkende hearehûs stiet op in eilân en wurdt omklamme troch in grêft. De tagong is troch in 16e iuwske poarte yn de warmuorre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.