Boazumersyl
Boazumersyl is in historyske brêge mei kearslûs (syl) yn de Boazumer Feart yn Boazum. De Boazumersyl út 1527 yn de gritenij Baarderadiel wie fan belang foar Frjentsjer foar de trochfeart nei de Middelsee.[1]
De syl siet yn de Slachtedyk, dy’t de gemeente Frjentsjerteradiel trochkruse fan súd nei noard, fan “Jorna hûs” oant Getswerdersyl. De Slachtedyk hie tsien silen (slûzen) foar ôfwettering en skipfeart, wêrûnder Boazumersyl.
De Boazumesyl hie in drompelhichte fan 3,75 m NAP. De slûs waard ûnderholden troch de Fiifdielen Seediken Binnendyks.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Silen fan de Slachtedyk | |
---|---|
Getswerdersyl
• Kystersyl
• Skieppesyl
• Payesyl
• Krommesyl
• Tolsumersyl
• Hidaardersyl
• Boazumersyl
• Sânleanstersyl
• Dillesyl
|