Skieppesyl
Skieppesyl by de Skieppetille (ek Smidstille) is in syl (slûs) yn de Achlumer Feart út 1893. Troch de dyk wurdt it grûngebiet fan Achlum yn twaën dield. It westlike diel wurdt bûtendyks gebiet neamd, it eastlike diel wurdt binnendyks gebiet neamd. De terp fan Achlum waard net yn de Slachte opnomd, mar de dyk waard om de terp mei kleaster en tsjerke hinne lein. Troch de dyk waard de tsjerke sawat oan trije siden omsluten troch de wetterkearing. Allinnich de noardkant krige gjin seewarrende dyk, maar waard yn beskerming nomd troch it wetterskip Fiif Dielen.
De syl yn de Slachtedyk waard ûnderholden troch wetterskip Fiifdielen Seediken Binnendyks. Lange tiid wie it stik rinnende fan de Skieppetille oer de Lollumer Feart nei de Grutte en Lytse Wiske yn ûnderhâld by it kleaster. Ek de gemeente Menameradiel wie ferskate jierren ferantwurdlijk foar it ûnderhâld. De slachdrompelhichte (ek wol flierhichte neamd) is 4,00 meter.
Blauwe stiennen
bewurkje seksjeDe Slachtedyk hie tsien silen (slûzen) foar ôfwettering en skipfeart, wêrûnder de Skieppesyl. Elk fan de Fiif Dielen of gemeenten krige in diel fan de Slachte tawiisd foar ûnderhâld. Dizze stikken waarden oanjûn mei in blauwe stien. Gauris waard de yndieling yn ûnderling oerlis feroare. Ien fan de grinsskiedings tusken twa ûnderhâldsplichtigen hat safier bekend de Skieppetille west.
Der stiene oan de Slachte mear blauwe stiennen as ôfbeakening, mar by it ferbreedzjen fan de rydbanen yn de rin fan de tiid, foar de Twadde Wrâldoarloch, binne der troch grûnwurkers faak rillen njonken de blauwe stiennen groeven, dêr't de stienen horizontaal ynlein waarden. Yn de takomst soene dizze stiennen wolris foar it ljocht komme kinne by graafwurk.[1] De Achlumer Frederick Offenhuysen ferliende as deputearre binnendyks fan it wetterskip de Fiif Dielen See en Slachtediken syn meiwurking by it tastânkommen fan de hjoeddeiske seedyk. Syn namme stiet dêrom fermelde op de Stiennen Man yn Harns.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Silen fan de Slachtedyk | |
---|---|
Getswerdersyl
• Kystersyl
• Skieppesyl
• Payesyl
• Krommesyl
• Tolsumersyl
• Hidaardersyl
• Boazumersyl
• Sânleanstersyl
• Dillesyl
|