Stiennen Man
De Stiennen Man op de Westerseedyk yn Harns is in replika fan in monumintale grinspeal dy't yn 1576 pleatst waard om de midden fan de Vijfdeelenzeedijken te markearjen. Dizze grinspeal yn renêssânsestyl wie ynspirearre op de Romeinske goaden Terminus, fan de grins, en Janus, fan it begjin en de ein. De offisjele namme wie Terminus, mar de folksmûle makke der Stiennen Man fan.
Skieding dykûnderhâld
bewurkje seksjeDe Vijfdeelenzeedijken leine tusken Makkum en It Bildt. De diken wiene yn ûnderhâld by it wetterskip mei de namme Kontributie der Vijfdeelenzeedijken binnen- en buitendijks. Binnen dit wetterskip wurken twa groepen dykplichtigen gear: bûtendyksters, de bewenners fan it gebiet dat by in trochbrek fan de seedyk daliks ûnder wetter kaam te stean, en binnendyksters, bewenners fan it gebiet efter de slieperdyk de Slachte. Bûtendyksters waarden folle swierder belêste as binnendykters en om ’t de skelen dêroer net nei ’t sin oplost wurde koene, woene beide partijen in eigen helte yn ûnderhâld, sadat hja neat mear mei elkoar te krijen hiene. De skieding soe yngean as de diken nei de rige stoarmen en stormfloeden sûnt 1570 op de ôfprate hichte brocht wiene. Hoewol't dat yn 1575 noch net it gefal wie, drukten de riedshearen fan it Fryske Hôf de skieding troch, tsjin it sin fan de bûtendyksters. Dizze riedshearen, Johannes Carolus en Adriaan Vastaerts, kamen dêrnei mei it útstel om seecker Steenwerck ter plaetse van de scheijdinge te setten. Allinne de binnendyksters wiene ree om de terminus te beteljen. De beide riedshearen leine op 19 july 1576 de earste stien. Om ende by 1725 wie de terminus sa ferfallen dat hy ôfbrutsen waard. De orizjinele tinkplaat waard yn in muorre fan de Harnzer haven setten en is dêr úthelle doe't de haven yn 1851 útwreide waard.
Replika
bewurkje seksjeDykgreef Carel George fan Wassenaer Obdam en ûnder oaren hear fan Twickel liet om ende by 1774 op eigen kosten in replika fan de ferdwûne terminus op de âlde fûneminten sette. Hy drûch him op 11 april 1777 yn it Frjentsjerter Riedhûs oer oan it Wetterskipsbestjûr, dat de terminus tenei ûnderhâlde moast. Yn syn oerdrachtstaspraak neamde hy de terminus in praalbeeld fan Caspar de Robles. It gefolch wie dat oaren de terminus beskôgen as in stânbyld mei de dûbele byltnis fan de steedhâlder. Doe't begjin njoggentjinde ieu dûmny Sjoerd Nauta, pakesizzer fan strânmaster Sipke Nauta, úthâlde dat de twa koppen dy't hy yn syn tún op in fuotstik setten hie, ôfkomstich wiene fan de orizjinele terminus waard dat algemien leaud. De koppen binne letter (mei de orizjinele tinkplaat) ûnderdiel wurden fan de fêste kolleksje fan it Frysk Museum. It binne dúdlik twa ferskillende gesichten, dy't boppedat oars binne as de twa likense koppen op de replika. De terminus mei januskoppen is wier net bedoeld as stânbyld foar Caspar de Robles. De replika waard ferskate kearen restaurearre. Yn 1895 waarden de stiennen koppen ferfongen troch brûnzen eksemplaren. Dy stiennen koppen fan de replika stean tsjintwurdich yn de byldetún fan de De Wildenborch yn Vorden.
Foar it op Deltahichte bringen fan de dyk is it monumint yn 1965 weihelle. Op de nije dyk is it restaurearre werom set, dizze kear op in betonnen fuotstik, mei basalt beklaaid. It monumint is eigendom fan Stichting Waterschapserfgoed.
Teksten
bewurkje seksjeIt op Spanje ynstelde Fryske Hof hat yn de Latynske tekst propaganda makke foar Caspar de Robles troch de werklikheid te ferdraaien. Dat wie de basis foar in mytefoarming dy 't him delsette as in trochtaastende lieder, dy 't de Friezen leard hie diken te meitsjen. De werklikheid wie hiel oars.
De Latynske tekst stiet op de westkant fan de terminus:
Caspari a Robles Equiti , Domino de Billi, etc. Frisiae Groningae ejusque territorii ac dicentium Gubernatori , quod hanc Provinciam , praeter arma consiliis et munimentis juverit ac inter caetera, aggere ipsis KL NO. MDLXX funditus everso, ampliss. D.Viglii Zuighemi,patris patriae , auxiliaribus operis et adhibitis Igramo ab Achelen Pr., Adriano Vastaert, Petro Frittema et Joanne Carolo Senatoribus consiliorum sociis, novum maris propugnaculum summo labore, vigilia et celebritate, decretis quo que et de suo persolutis diligentiae praemiis , tribus plus minus mensibus à fundamentis erexerit et ad summam manum perduxerit, atque hunc lapidem, sublatis litibus controversiarum terminum esse voluit, gratus provincialium ordo obrem prudenter, bene et fideliter gestam, de se ac de repub. optime merito p.
Yn it Frysk oerset:
Foar Caspar de Robles, ridder, hear fan Billy, ensfh. steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Ommelannen en oangrinzende gebieten, om 't er dizze provinsje net allinnich mei wapens mar ek mei wiis bestjoer en mei fersterkingen holpen hat, lykas doe 't de dyk op 1 novimber 1570 hielendal weislein wie, mei help en stipe fan de tige grutte hear Viglius fan Zuichem, Heit fan it Heitelân, en nei de ynstelling fan in advyskommisje, besteande út de riedshearen Igram fan Achelen Presidint, Adriaen Vastaerts, Petrus Frittema en Johannes Carolus, mei grutte muoite, mei skerp tafersjoch, it ynsetten fan in soad minsken, it nimmen fan besluten, wylst er ek beleannings foar de iver útloofde en betelle út eigen middels, yn sa'n trije moanne in nije seewarring fan 'e grûn ôf oprjochte hat en alhiel ta it ôfmeitsjen brocht en om 't er woe dat dit stienwurk de markearring wêze soe fan ’e ein fan ’e mieningsferskillen hat de organisaasje fan lânynlizzenden, tankber omdat it projekt ferstannich, goed en mei sukses útfierd is, foar him dy ’t him foar har en de republyk tige fertsjinstlik makke hat, dit oprjochte.
Op de súdkant stiet: In de jare MDLXXV is den dyck in twee deelen ghescheyden. Blyven het zuyderdeel den buytendyksteren van de wekken alsdoen ghedeputeerden syn gewest Thomas Hiddesz ende Sieke Claes Hopluyden, Hette van Dekema, Hero Oekinga, Ulbe Hiddema, Wytse van Camminga, Doytse Bonga, Gerrit Abbes ende Lolle van Oekinga.
De noardkant hat: In de jare 1574 is dese dyck onderlecht wesende dyckgraaf Ryvert van Roorda ende Ghedeputeerde binnedyck Frederyck van Offenhuysen met Syerk Syereksz Hopluyden tot het oprnaken van den dyck te noorden, Tiete van Camrninga substituyt des Heeren Stadtholders, Hessel van Ha- nya, Edo van Gerbranda ende Hans van Roorda.
Folksferhaal
bewurkje seksjeDe Stiennen Man krige yn de folksferhalen in rol ferlykber mei boerekoal en earrebarre. As swiere Harnzer froulju efkes rêste woene, stjoerden hja harren bern nei de dyk mei it ferlechje dat as hja trije kear om de Stiennen Man hinne rinne soene, der fluch in nij broerke of suske komme soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stiennen Man, Harns fan Wikimedia Commons. |