Alpe d'Huez Piste de Bobsleigh
Bewurkje
De Alpe d'Huez Piste de Bobsleigh waard yn 1966 boud foar de Olympyske Winterspullen fan 1968. De baan hie in lingte fan 1.500 m in ferfal fan 140 meter en trettjin bochten. Fuortdaliks nei de oanlis by de earste testwedstriid die bliken dat der in flater makke wie by de oanlis, it kuollingsysteem koe de baan net foldwaande kuolje trochdat de baan op it suden lei. Derom waarden wedstriden tidens de spullen foar sinneopkomst hâlden. De bobbaan waard úteinliks yn 1972 sletten.