Boeing Model 6
Boeing Model 6/B-1 | |
---|---|
Rol | Postfleanmasine |
Makker | Boeing |
Untwerper | William Boeing |
Earste flecht | 27 desimber 1919[1] |
Ut tsjinst | 1930 |
Tal makke | 1 (1919 - 1927) |
De Boeing Model 6, ek bekend as de B-1 wie in lytse twadekker fleanboat dy't koart nei de Earste Wrâldoarloch ûntwurpen waard troch William Boeing.
Skiednis
bewurkje seksjeIt Model 6 wie it earste net-militêre ûntwerp fan Boeing en krige dêrom de oantsjutting B-1. It ûntwerp wie frijwat konvinsjoneel. De Hall-Scott-motor dreaun in triuwpropeller oan en wie ûnder de boppefleugel tusken spanten nei de romp ophongen. De piloat siet yn in iepen cockpit yn de boech; yn in twadde iepen cockpit wie plak foar twa passazjiers. It ûnwerp docht tinken oan de Curtiss HS-2L dy't Boeing ûnder lisinsje boud hie yn de oarloch.
Der waard mar ien tastel makke om't Boeing it ûntwerp net slite koe. De nei-oarlochske merk waard nammentlik oerstreamd mei oerstallige militêre fleantugen. Edward Hubbard kocht it tastel yn 1920 en brûkte it as postfleanmasine tusken Seattle, Washington en Fiktoaria, Britsk-Kolumbia. It fleach oant 1930, mar bleau bewarre en is sûnt 1954 te sjen yn it Museum of History and Industry yn Seattle.
Spesifikaasjes
bewurkje seksje- Bemanning: 1
- Passazjiers: 2
- Spanwiidte: 15,32 m
- Langte: 9,53 m
- Hichte: 4,06 m
- Fleugeldraachoerflak: 45,7 m2
- Oandriuwing: 1 × Hall-Scott L-6, 220 hk, mei triuwpropeller
- Gewicht leech: 1089 kg
- Gewicht fol: 1 746 kg
- Krúsfaasje: 128 km/o
- Maks. faasje: 145 km/o
- Tsjinstplafond: 4050 m
- Aksjeradius: 640 km
Keppelings om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boeing B-1 fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|