Victoria (Britsk-Kolumbia)

(Trochferwiisd fan Fiktoaria (Britsk-Kolumbia))

Victoria is de haadstêd fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, dy't op 'e súdpunt fan Vancouvereilân leit. De stêd waard yn 1843 stifte oan 'e Strjitte fan Juan de Fuca, dy't diel útmakket fan 'e Stille Oseaan. Victoria, dat ferneamd is nei de njoggentjinde-iuwske Britske keninginne Fiktoaria, hat as bynamme the Garden City ("de Túnstêd"). It wurdt rûnom beskôge as in oantreklike stêd, en mei fanwegen it mylde klimaat en de natoerskientme fan 'e omkriten is it sawol in populêre toeristyske bestimming as in plak dêr't in protte pensionado's út oare dielen fan Kanada har nei wenjen sette. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2016 hie Victoria doe in befolking fan krapoan 86.000 minsken.

Victoria
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Kanada
Provinsje Britsk-Kolumbia
Reg. distrikt Haadstedsk Reg. Distr.
Sifers
Ynwennertal 85.796 (2016)
Oerflak 19,47 km²
Befolkingsticht. 4.405,2 / km²
Stêdekloft 367.770 (2016)
Hichte 23 m
Oar
Stifting 1843
Tiidsône UTC –8
Simmertiid UTC –7
Koördinaten 48°25′42″N 123°21′53″W
Offisjele webside
www.victoria.ca
Kaart
Victoria (Britsk-Kolumbia)
Victoria
Lizzing yn Britsk-Kolumbia.

Victoria leit yn súdwestlik Britsk-Kolumbia, op 'e súdpunt fan it grutte Vancouvereilân, en hat in oerflak fan 19,47 km². De stêd is boud oan in natuerlike baai dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Strjitte fan Juan de Fuca. Dat is in brede seestrjitte tusken it suden fan Vancouvereilân en de noardkust fan it Olympysk Skiereilân yn 'e Amerikaanske steat Washington. De Strjitte fan Juan de Fuca foarmet yn 'e mande mei de Strjitte fan Georgia (tusken Vancouvereilân en it fêstelân fan Britsk-Kolumbia yn) en de Puget Sound (in grutte fjord dy't it Olympysk Skiereilân fan 'e rest fan Washington skiedt) de Salisjaanske See, dat in rânesee fan 'e Stille Oseaan is. Victoria is de súdlikste stêd fan Westlik Kanada. It leit sa'n 100 km súdwestlik fan Vancouver, de grutste stêd fan Britsk-Kolumbia, dy't op it fêstelân leit. Fierders leit Victoria 100 km noardwestlik fan Seattle, de grutste stêd fan Washington, en 40 km noardlik fan Port Angeles, de grutste stêd op it Olympysk Skiereilân.

 
Victoria yn 1862, itselde jier dat it stedsrjochten krige.

Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan Vancouvereilân troch de blanken waard de krite fan Victoria bewenne troch ferskate lytse Kust-Salisjaanske folken, wêrûnder de Songiis (Songhees). De ferkenning fan 'e súdkust fan Vancouvereilân sette yn 1774 útein mei in besyk troch de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Pérez, wêrnei't yn 1778 de ferneamde Britske ûntdekkingsreizger James Cook it gebiet oandie. De krite fan Victoria waard lykwols pas yn 1790 foar it earst ferkend, troch ferskate Spaanske seefarders.

Yn 1841 krige James Douglas op oanrieden fan George Simpson de opdracht om in hannelspost foar de Hudsonbaaikompanjy op te setten op 'e súdpunt fan Vancouvereilân. De reden dêrfoar wie dat it Oregon-territoarium, dat it lettere Amerikaanske Noardwesten en Britsk-Kolumbia omfieme, doedestiden yn mienskiplik besit holden waard troch it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten. Simpson ferwachte lykwols dat it territoarium ferparte wurde soe, en dat Fort Vancouver, de wichtichste hannelspost dy't de Britske Hudsonbaaikompanjy dêr hie, dan yn Amerikaanske hannen falle soe. (Fort Vancouver lei oan wat no de grins tusken Washington en Oregon is, op it plak dêr't no de stêd Vancouver (Washington) leit.) Simpson krige gelyk, want doe't yn 1846 it Oregon-territoarium by it Oregonferdrach opspjalten waard, kaam de grins tusken de Feriene Steaten en Britsk-Noard-Amearika tusken de Rocky Mountains en de Strjitte fan Georgia op 'e 49e parallel te lizzen. Trochdat Douglas yn 1843 Fort Victoria stifte hie op 'e súdpunt fan Vancouvereilân, wie de Hudsonbaaikompanjy doe op dy feroaring taret.

De oarspronklike Kust-Salisjaanske namme foar it plak dêr't Victoria no leit, wie kamosûn of kamosak (yn it Ingelsk stavere as camosun of camosack), dat nei't it skynt "fluch streamend wetter" betsjut. De Britske hannelspost dy't Douglas dêr yn 1843 stifte, hiet koarte tiid Fort Albert foar't er yn novimber fan datselde jier noch omneamd waard ta Fort Victoria, nei de Britske keninginne Fiktoaria. Al rillegau groeide der in delsetting om it fort hinne. Yn 1849, doe't Vancouvereilân de status fan in Britske kroankoloanje krige, waard Victoria dêrfan it haadplak. Tusken 1850 en 1854 waard der in rige ferdraggen, de saneamde Douglas-ferdraggen, mei de Kust-Salisjanen sletten om lân fan harren te keapjen yn ruil foar hannelsguod. Dêrtroch kaam der romte om 'e útwreiding fan Victoria stelselmjittich út te fieren. De Douglas-ferdraggen binne lykwols noch altyd kontroversjeel omreden fan it gebrek oan etyk wêrmei't de Britske oerheidsfunksjonarissen te wurk giene yn harren relaasjes mei de lânseigen bewenners.

Doe't yn 1858 yn 'e Fraser Canyon, op it fêstelân fan Britsk-Kolumbia, de Goudkoarts fan de Fraser Canyon útbriek, swaarmen dêr goudsikers út hiel Noard-Amearika op ta. Victoria ûntjoech him doe foar dy lju ta trochfierhaven, útrissintrum en befoarriedingsbasis. Yn in pear dagen tiid woeks de befolking oan fan 300 ta mear as 5.000 minsken. Mei as gefolch dêrfan krige Victoria yn 1862 stedsrjochten. Yn 1865 waard deunby, yn Esquimalt (no in foarstêd fan Victoria), in marinebasis fan 'e Britske Keninklike Marine fêstige. (Tsjintwurdich is dat de Pasifyske basis fan 'e Keninklike Kanadeeske Marine.) Yn 1866 waarden de koloanjes Vancouvereilân en Britsk-Kolumbia (1858-1866) feriene ta ien nije koloanje, dy't ek Britsk-Kolumbia (1866-1871) kaam te hjitten. Fan boppe-ôf waard beslist dat Victoria de haadstêd fan 'e nije koloanje wurde moast ynstee fan New Westminster (de doetiidske haadstêd fan Britsk-Kolumbia), wat op it fêstelân in tige ympopulêre set wie. Doe't de koloanje Britsk-Kolumbia yn 1871 as provinsje opnommen waard yn 'e Kanadeeske Konfederaasje, waard Victoria sadwaande de provinsjale haadstêd.

 
It parlemintsgebou fan Britsk-Kolumbia.

Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wie Victoria de grutste ymporthaven fan Noard-Amearika op it mêd fan opium út Hongkong wei. De drugs waarden út Victoria wei fierder oer it kontinint ferspraat. Hannel yn opium wie legaal en waard pas yn 1865 oan foarskriften en tariven bûn. Net earder as yn 1908 waard it by wet ferbean. Doe't it Kanadeesk Pasifysk Spoar yn 1886 by de Burrard-ynham de kust fan 'e Stille Oseaan berikte, rekke Victoria syn posysje as kommersjeel sintrum fan Britsk-Kolumbia foargoed kwyt oan Vancouver. Neitiid begûn Victoria in imago fan deftich fatsoen tsjin in dekôr fan natoerskientme te kultivearjen. Dêrby waard it holpen troch beskriuwings fan besikers as de auteur Rudyard Kipling, de iepening fan 'e Butchart Gardens (in ferneamde botanyske tún), yn 1904, en de bou fan it prestizjeuze Empress Hotel yn 1908. Yn dyselde snuorje liet Robert Dunsmuir, in yndustrialist mei belangen yn stienkoal en spoarwegen, yn 'e wyk Rockland it nepkastiel Craigdarroch Castle sette.

In boom yn 'e ûnreplik-goedmerk einige oan 'e foarjûn fan it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch. Victoria krige dêrtroch in protte Edwardiaanske iepenbiere en kommersjele gebouwen en wenten, dy't sterk bydroegen ta it steatlike karakter fan 'e stêd. Om't der fanwegen de útbrutsen ekonomyske resesje in protte wurkleazens hearske, koene der yn Victoria in protte soldaten rekrutearre wurde foar de striid yn Jeropa. Twa bataljons ynfantery, it 88e Victoria Fuseliers en it 50e Gordon Heechlanners, waarden folslein foarme út ynwenners fan 'e stêd. Nei de Earste Wrâldoarloch en de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren krige Victoria mei it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1939 wer ekonomyske groei.

 
It Bay Centre is ien fan 'e trije grutte winkelsintra yn Victoria.
 
Wawadit’la, ek bekend as it Mungo Martin House, in Kwakiûtl-langhûs mei in heraldyske peal ('toatempeal'), boud yn 1953 troch it opperhaad Mungo Martin, yn it Thunderbird Park yn Victoria.

De ekonomy fan Victoria rêst op 'e pylders fan yndustry en tsjinsten. Op it mêd fan 'e yndustry wurde der yn 'e stêd benammen itenswaren, farmaseutika en technologyske produkten lykas kompjûters en apparatuer foar telekommunikaasje makke. Op it mêd fan 'e tsjinstesektor giet it fral om ynstellings fan 'e federale, provinsjale en gemeentlike oerheid en fierders om it ûnderwiis en it toerisme. Victoria hat twa universiteiten: de Universiteit fan Victoria en it Camosun Kolleezje. Dy beide ynstituten hawwe tegearre mear as 33.000 studinten en wurknimmers. Elts jier binne der yn Victoria 3,5 miljoen oernachtings fan toeristen, dy't mear as C$1 miljard yn 'e stêd útjouwe. Dêrnjonken wurdt Victoria jiers oandien troch 500.000 deitoeristen dy't arrivearje op cruiseskippen.

Fanwegen de neite ta de filmyndustry fan Hollywood North, yn Vancouver, en ek omreden fan in belestingkoarting fan 6% foar ôfhandige lokaasjes wurdt Victoria geregeldwei brûkt om films en tillefyzjesearjes op te nimmen. Foarbylden fan films dy't hielendal of foar in diel yn Victoria opnommen waarden, binne X-Men: The Last Stand, Scary Movie, Excess Baggage en Bird on a Wire. Foarbylden fan tillefyzjesearjes dy't yn Victoria opnommen waarden, binne Smallville en Poltergeist: The Legacy.

 
The Empress is in hotel dat útsjocht op 'e haven fan Victoria.
 
De Victoria Centennial Fountain, in fontein oanlein ta gelegenheid fan it hûndertjierrich bestean fan Kanada, yn 1967.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Butchart Gardens, in ferneamde botanyske tún, leit oan 'e noardkant fan 'e stêd krekt bûten de gemeentegrins. Fuort dêrby lizze ek it Dominion Astrophysical Observatory, in stjerrewacht mei in eigen planetarium, en de Victoria Butterfly Gardens, in flintertún.

Victoria hie yn 1871 noch mar krapoan 3.300 ynwenners. Tsien jier letter wie dat oanwoeksen ta krapoan 6.000. Noch wer tsien jier letter, yn 1891, wie de befolking mear as fertrijefâldige ta hast 17.000. Yn 'e tweintichste iuw begûn Victoria yn 1901 mei 21.000 ynwenners. De stêd groeide fia 32.000 yn 1911 oant 39.000 yn 1921. Yn 'e 1920-er jierren stagnearre de befolkingsgroei, en yn 1941 hie Victoria 43.000 ynwenners. Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch begûn de befolking wer te groeien, fan 51.000 yn 1951 fia 55.000 yn 1961, 62.000 yn 1971 en 64.000 yn 1981 oant 71.000 yn 1991. Yn 2001 hie de stêd 74.000 ynwenners, en yn 2011 80.000.

 
It Royal Theatre is in opera- en konsertgebou yn Victoria.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2016 hie Victoria doe in befolking fan 85.792 minsken. De befolkingstichtens bedroech 4.405,2 minsken de km², wêrmei't Victoria de op seis nei tichtstbefolke stêd fan Kanada is. De befolking fan 'e stêdekloft fan Victoria, besteande út trettjin gemeenten, hie yn 2016 in befolking fan 367.770 minsken. Dêrmei is de stêdekloft fan Victoria de op fjirtjin nei grutste fan Kanada. Victoria stiet derom bekend dat der in protte pensionado's út oare dielen fan it lân wenje, fanwegen it mylde klimaat. Fan 'e befolking fan 'e stêd is 6,4% âlder as 80 jier (it heechste persintaazje op dat mêd fan alle Kanadeeske stêden). Victoria hat ek it op twa nei heechste persintaazje (17,8%) fan lju fan 65 jier en âlder (nei Peterborough yn Ontario en Kelowna yn Britsk-Kolumbia). Mei dêrom wurdt Victoria ek wol oantsjut as the home of the newly wed en and nearly dead ("it thús fan 'e nijtrouden en hast ferstoarnen").

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2016 wie de etnyske opbou fan 'e befolking Victoria doe sa: 80,2% blanken; 5,7% Eastaziaten; 3,0% Súdeastaziaten; 2,6% Yndianen; 2,1% Súdaziaten; 1,8% Mety (Métis); 1,4% swarten; 0,9% Latino's; 0,7% Arabieren; 0,5% Westaziaten; 1,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Eastaziaten foarmen de Sinezen de grutste groep mei 4,0% fan 'e stedsbefolking, folge troch de Japanners mei 1% en de Koreänen mei 0,7%. Fan 'e Súdeastaziaten wiene de Filipino's de grutste groep mei 2,1%. De Westaziaten wiene benammen etnyske Perzen.

 
Craigdarroch Castle yn 'e histoaryske wyk Rockland.
 
De haadyngong fan it Keninklik Britsk-Kolumbiaansk Museum (RBCM).
 
It gebou fan 'e Chinese Consolidated Benevolent Association, ynkl. de Sineeske skoalle.

Berne yn Victoria

bewurkje seksje

Stoarn yn Victoria

bewurkje seksje

Victoria hat troch de ynfloed fan 'e Stille Oseaan in myld Mediterraan klimaat, mei koele, drûge en sinnige simmers en mylde, wiete winters. Yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 20,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 7,0 °C. Rekôrtemperatueren wiene 39,8 °C op 28 juny 2021 en –15,6 °C op 29 desimber 1968. Victoria kriget jiers trochinoar 607,6 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 26,3 sm snie, dy't lykwols ornaris net lang lizzen bliuwt. Der binne yn it jier trochinoar 129,2 dagen dat it reint en 7,8 dagen dat der snie leit. Fierders hat de stêd jiers yn trochsneed 2.193,3 oeren sinneskyn.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.