Boeretoer

(Trochferwiisd fan Boerentoren)

De Boeretoer (Nederlânsk: Boerentoren) is in 97 meter heech gebou yn de Belgyske stêd Antwerpen. It is dêrmei it op ien nei heechste gebou fan de stêd. De toer is in ûntwerp fan Jan van Hoenacker en mei de bou is útein set yn 1929. Doe’t it revolúsjonêre projekt yn 1931 klear wie, wie it ien fan de earste wolkekliuwers op it fêste lân fan Jeropa. It gebou dat yn art deco-styl boud is wie doe noch 87,5 meter heech en bleau dêrmei oant yn de jierren ’50 it heechste tuorregebou fan Jeropa. De hichte fan 96 meter berikte it gebou nei de restauraasje fan 1976. Yn Antwerpen is allinnich de Us Leaffroukatedraal heger.

Stedssilhûet Antwerpen mei rjochts de Boeretoer

De namme Boeretoer komt fan de bank dy’t him yn de toer fêstige hie en benammen boeren as klanten hie. Nei in grut tal nammeferoarings en fúzjes fan de bank ûntstie de KBC-bank, wêrtroch't de toer ek wol as de KBC-toer oantsjutten wurdt.

Hjoed de dei is de Boeretoer in skaaimerk fan de stêd. Dat wie oars yn de tiid fan de bou fan de toer. De Antwerpenaren wienen yn it begjin net bliid mei de toer en der wie in soad wjerstân tsjin it projekt, mar stadichoan binne de ynwenners it gebou begûn te beskôgjen as ikoan fan de stêd. Doe’t der ein jierren ’60 plannen kamen om it gebou ôf te brekken foar in oare toer ûntstie der in soad protest ûnder de bewenners. De plannen binne úteinlik nea útfierd.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boerentoren (Antwerp) fan Wikimedia Commons.