Us-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen)

De Us-Leaffrouwekatedraal (Nederlânsk: Onze Lieve Vrouwekathedraal) yn Antwerpen is de domtsjerke fan it bisdom Antwerpen. De katedraal fertsjintwurdiget in hichtepunt fan de Brabânske gotyk. Sûnt 1999 heart de toer by it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Us-Leaffrouwekatedraal
Lokaasje
lân Belgje
provinsje Antwerpen
plak Antwerpen
koördinaten 51° 13' N 4° 24' E
Arsjitektuer
arsjitekt Jan en Pieter Appelmans
boujier 1352-1521
boustyl Gotyk
hichte ± 125 meter (noardlike toer)
Webside
Offisjele side
Kaart
Us-Leaffrouwekatedraal (Antwerpen)
Us-Leaffrouwekatedraal

Sûnt de 10e iuw stie op it plak fan de hjoeddeiske katedraal in oan Marije wijde kapel. Mei de oerdracht fan de parochytsjerke Sint-Michael oan 'e premonstratinzers feroare de Marijekapel yn 1124 yn in parochytsjerke en waard dêrnei ferboud ta in gruttere, romaanske tsjerke. Yn 1352 waard útein set mei de bou fan in nije tsjerke yn goatyske styl mei in middenskip en seis sydskippen, mar yn 1521 kaam der in ein oan 'e wurksumheden.

By in brân yn 1533 waard de tsjerke slim troffen, mar de Antwerpenaren bouden de tsjerke dêrnei wer op. De ferwulften yn 'e tsjerke waarden earst sûnt 1614 ynbrocht.

 
Oarspronklik ûntwerp mei twa tuorren

It bisdom Antwerpen waard yn 1559 stifte en yn it ramt dêrfan waard de parochytsjerke in katedraal. Op 20 augustus 1566 ferneatigen kalvinistyske byldestoarmers in grut part fan 'e keunstwurken en it meubilêr fan 'e katedraal. Yn 1581 kaam de stêd yn protestantske hannen. Dat hie fan gefolgen dat noch mear keunstwurken foar ferneatiging of ferkeap út de tsjerken helle waarden.

De besetting fan 'e stêd troch Frânske troepen yn 1794 late ta nije plonderings fan 'e katedraal, dy't tydlik sels as skuorre foar it fee tsjinne en sa grutte skea oprûn. Yn 'e rin fan 'e tiid fûnen der ferskate feroarings oan 'e tsjerke plak (it timpaan fan it haadportaal ûntstie net earder as yn 1903).

1965 wie it startjier fan in grutte restauraasje yn opdracht fan 'e provinsje Antwerpen. De restauraasje waard yn 1993 foltôge.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De katedraal is in sânskippich gebou mei dwersskip en koeromgong mei in kapellekrâns. Oarspronklik wiene foar de tsjerke twa geveltuorren ûntwurpen, mar yn 'e 16e iuw waard allinne de noardlike toer hielendal ôfboud. Dy toer is mei in hichte fan 123 meter sûnt de sloop fan 'e Lambertuskatedraal yn Luik yn 1794 de heechste toer fan de Benelúks en wurdt as in hichtepunt beskôge fan de letgoatyske arsjitektuer. De krusingstoer wie as in lantearnetoer ûntwurpen, mar waard net foltôge en yn 'e 17e iuw nei in brân troch in houten konstruksje mei in sipel as bekroaning ferfongen.

Yn de katedraal hingje fjouwer keunstwurken fan Peter Paul Rubens:

  • It ferheegjen fan it Krús, 1609–1610, triptyk, paneel 460 × 340 sintimeter, sydpanelen 460 × 150 sintimeter. It keunstwurk kaam yn it ramt fan de werynrjochting nei de skea ûnder de Frânske besetting yn de katedraal.
  • Marije-Himelfeart, 1626, paneel 490 × 325 sintimeter. It skilderij fan it haadalter ferfong in triptyk fan Frans Floris (1560) foar it haadalter, dat yn 'e kalvinityske tiid ferdwûn.[1]
  • De Ferrizenis fan Kristus, 1612, triptyk, middenpaneel 138 × 98 sintimeter, sydpanelen 136 × 40 sintimeter. Oarspronklik ornearre as retabel foar it grêf fan Martina Plantijn en har man Jan Moretus.
  • De Krúsôfname, 1612, triptyk, middenpaneel 421 × 311 sintimeter, sydpanelen 421 × 153 sintimeter. It retabel waard besteld troch it skuttersgilde en wurdt as ien fan de wichtichste barokke masterwurken fan Rubens beskôge.

Yn 'e koepel fan 'e krusing is in fresko fan Cornelis Schut út 1647 mei in foarstelling fan 'e himelfeart fan Marije.

It koerstuolte is neogoatysk en waard yn 1841 troch de Antwerper houtfiker Karel Hendrik Geerts levere.

Oan 'e byldestoarm ûntkaam in goed fiif iuwen âld houten genedebyld fan Us-Leaffrou, dat tsjintwurdich yn 'e Marijekapel stiet. Yn 2016 waard it byld foar it earst sûnt sechtich jier wer yn in prosesje troch de stêd droegen.[2] De tige ryk bewurke iken preekstoel stiet sûnt 1804 yn 'e katedraal en waard yn 1713 troch Michiel van der Voort (1667-1737) foar de Sint-Bernardusabdij fan Hemiksem makke. It is in keunstwurk mei natuerlike foarmen lykas beammen, stammen, tûken en bisten en fûgels.[3]

De katedraal hat twa grutte oargels.

It grutte oargel koe mei in jefte fan in parochiaan yn 1891 troch de oargelbouwer Pierre Schyven út Brussel boud wurde. It ynstrumint hat 90 registers op fjouwer manualen en pedaal en der yn de rin fan de tiid net in soad oan it oargel feroare. It barokke front fan it oargel is âlder en waard yn 1657 makke troch Peter Verbrugghen de Alde en Michel Boursoy.

Transeptoargel

bewurkje seksje

Oan 'e eastlike muorre fan it súdlike dwersskip, fuort by de krusing, hinget it transeptoargel as swellenêstoargel. It ynstrumint waard yn 1993 troch de Switserkse oargelboufirma Metzler boud. It hat 44 klinkende registers en in trânsmisje op trije manualen en pedaal.

 
Monumint foar de bouwers fan de katedraal

Yn 'e 123 meter hege noardlike toer hingje acht klokken. De grutste klok (6,434 ton) is de saneamde Karolus en datearret fan 1507.

Eartiids besiet de katedraal ek twa kariljons. Allinne it 17e-iuwske kariljon fan 'e bruorren Hemony út Zutfen is foar de katedraal bewarre blean. It oare kariljon, ek 17e iuwsk, rekke yn de rin fan de tiid yn ferfal en is nei de Twadde Wrâldkriich yn ynkomplete steat útliend oan 'e tsjerke fan Hoogstraten.

Rjochts fan 'e portalen by it begjin fan de Jan Blomstrjitte is oan 'e tsjerke in brûnzen byldegroep fan 'e boumasters fan 'e katedraal te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Onze-Lieve-Vrouwekathedraal (Antwerp)