Bond tot Hervorming van den Grondeigendom

De Bond tot Hervorming van den Grondeigendom (BHG) wie in Nederlânske bûn dy't yn 1926 fuortkaam út de Grûnpartij.

Yn 1925 wie foarsitter Feberwee fan de Grûnpartij ferfongen troch Daniël de Clercq. Under dy syn lieding waard de Grûnpartij nei in referindum opheft. Sa koene de partijideeën bûten de partijpolityk hâlden wurde wêrtroch 't ek leden fan oare partijen de mooglikheid krigen om harren oan te sluten. Op 21 desimber 1926 waard it Bond tot Hervorming van den Grondeigendom (BHG) offisjeel oprjochte, mei De Clerq as foarsitter. Ta de leden hearden Johannes Kuiken en Arjen Sevenster.

Yn 1928 bemuoide it Bûn him mei de útjefte fan de Suderseegrûnen. [1] De Clercq stelde dat de grûnen nei ynpoldering it algemien folksbelang tsjinje moasten. De grûnen moasten dêrta útjûn wurde mei de kâns op in sa heech mooglik rendemint en de Nederlânske steat soe de ferhierder wurde moatte. [2] It bûn wurke in pear jier gear mei de georgistyske partij Recht en Vrijheid.

Yn 1935 soe de BHG syn namme feroarje yn Liberaal-Sosjalistyske Beweging (LSB).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Waterland Courant Argivearre novimber 2019
  2. Humanitarisme.nl. Argivearre op 6 juny 2023.