De Bonrepasmûne is in wipmûne út likernôch it jier 1600 yn it Súd-Hollânske doarpke Vlist.

Bonrepasmûne
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
plak Vlist
adres Bonrepas 1
bysûnderheden
type bouwurk Wipmûne
boujier 1600
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 37864 [1]
Ynterieur, 1975
Ynterieur, 1975

Skiednis bewurkje seksje

Oarspronklik waard de earste mûne om de polder Bonrepas en Noord-Zevender droech te mealen op in oar plak oan de Vlist yn 1449 boud. Unbekend is hokker type dat west hat. Sûnt healwei de 16e iuw wurke de mûne net mear fanwegen in oerstreaming en om 1554 hinne waard in nije mûne boud súdlik fan it Kerkvliet. Om't dêr in ôfbyld fan bestiet is it wis dat dy mûne ek in wipmûne west hat. Likernôch 50 jier letter moast wer in nije mûne boud wurde, oannommen wurdt dat dat de hjoeddeiske Bonrepasmûne wie.[2]

Beskriuwing bewurkje seksje

De mûne meallet mei help fan in skeprêd en hat in opfierhichte fan in meter. Yn 1973 is it grien farve boppehûs fan de mûne by in restauraasje hielendal fernijd. De piramidefoarmige ûnderbou is reiddutsen en wurdt bewenne. De mûne hat in flecht fan 26,10 meter en it hekwurk hat altiten âldhollânsk west. De mûne is mealree.

Eigner fan de mûne is it wetterskip Hoogheemraadschap De Stichtse Rijnlanden. De mûne is allinne op ôfspraak te besjen.

Keppeling om utens bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rykstsjinst foar it Kultureel Erfgoed
  2. A. Bicker Caarten, Middeleeuwse watermolens in Holland's polderland, side 169-171