Middelsee
De Middelsee , ek wol Bordine neamd, wie yn de Midsiuwen in seeëarm dy't de ôfskieding foarme tusken Westergoa en Eastergoa. De Middelsee kaam hast sa súdlik as Snits, dat begûn is op de himdyk fan de Middelsee. De seeëarm bestie út twa stikken. De wide mûning fan de Boarn, dêr't it tij it frij hie, rûn op de hichte fan Raerd noardwerts oant foarby Ljouwert.
Nei it westen bestie der fan Raerd ôf in ferbining mei it Fly, foarby Snits en Boalsert fia de Marne. Doe't de Marne ôfdamme waard begûn de westlike kom ticht te slibjen wêrnei't dy by parten ynpoldere waard. Nijlân wurdt al yn 1230 as doarp neamd. Koart foar 1199 hie Skearnegoutum noch bot te lijen fan de see. By dy ramp moat gâns in delsetting weispield wêzen, dêr't de spoaren fan yn de Snitser Stedsfinne weromfûn waarden doe't dy bouryp makke waarden.
Yn de rin fan 'e tiid is de Middelsee hieltiid fierder tichtslike; de gebieten dy't sa ûntstienen, waarden de Nije lannen neamd. Njonken it doarp Nijlân binne der ek ferskate doarpen dêr't it part dat ea Middelsee west hat noch "it Nijlân" hjit. Dat it giet om nij lân is noch te sjen oan it lytse tal doarpen yn it gebiet fan de eardere Middelsee, de fruchtbere seeklaai is foar fierwei it grutste part as weidlân yn gebrûk naam.
De skieding tusken Eastergoa en Westergoa wurdt yn it ynpoldere lân foarme troch de Swette. As feart rint dy tsjintwurdich fan Snits nei Ljouwert, mar de oarspronklike skieding rûn troch oant it begjin fan it Bilt oan ta.
Tsjin de 15e iuw wie de Middelsee net oars mear as in grutte trachterfoarm yn de Fryske noardkust. Fan de 16e iuw ôf, is út it ynpolderjen fan dy trachter it Bilt woeksen, dat no hiel de mûning fan de Middelsee follet.
De namme Middelsee wurdt sûnt 1 desimber 2005 ek brûkt foar it Middelseeferbân.
Histoaryske nammen foar de Middelsee
bewurkje seksjeBordaa, Borndiep, Boerdiep, Bordena as Bordine.