De Borniastate is in eardere state en lei besuden de tsjerke fan Weidum, foarhinne gemeente Baarderadiel, no Littenseradiel, neist de Papingastate. Fan de state is neat mear werom te finen. Op it stee stiet no in boerespultsje mei net fier dêr ôf in rêsthûs.

It earste hûs stie al op dat stee foar 1763. Borniastate wie, neidat it hûs earne foar 1763 werboud wie, krektas Dekemastate in sieraad foar it doarp. Yn 1768 wenne hjir de riedshear Hamerster en yn 1818 mr. Bernhardus Buma.

Yn 1864 is it hûs foar ôfbraak ferkocht en fjouwer jier letter waard it mei de grûn lyk makke. Op de pleats wenne yn 1977 Auke Schotanus, wylst der tichtby it rêsthûs "Nij Dekema" stiet. De state stie oan de ein fan de hjoeddeiske Kuperssteech.

Bewenners
  • 1768 riedshear Hamerster
  • 1818 mr. Bernhardus Buma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • "Baerderadiel, in geakunde" fan it Geakundich Wurkferbân fan de Fryske Akademy
  • Stinzen yn Fryslân